Els Perdok

Els Perdok (folút: Elsina Perdok-Van Bon; Skiermûntseach, 2 july 1925 – Feanwâlden, 8 novimber 2017) wie in Frysk wurdboekgearstalster, dichteresse en publisiste yn it Skiermûntseagerske dialekt.

Els Perdok
Els Perdok skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elsina (Els) Perdok-Van Bon
nasjonaliteit Els Perdok Nederlânsk
berne 2 july 1925
berteplak Skiermûntseach (doarp)
   (Skiermûntseach)
stoarn 8 novimber 2017
stjerplak Feanwâlden (Dantumadiel)
etnisiteit Els Perdok Frysk
wurk
taal Skiermûntseagersk
sjenre poëzij, non-fiksje, wurdboek
bekendste
  wurk(en)
Woordenboek Nederlands-
   Schiermonnikoogs
jierren aktyf ±1990 – ?

Karriêre

Yn 'e njoggentiger jierren stalde hja in nije wurdlist fan it Skiermûntseagersk gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn 2001 yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, by de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer. Foar de tastânkomming fan it tritichtûzen wurden tellende Eilander Wezzenbúek, gearstald troch Willem Visser en Siebren Dyk, dat yn 2002 by de Fryske Akademy útkaam, is û.m. gebrûk makke fan Perdok har wurdlisten. Fierders publisearre Perdok oer har dialekt en skreau se der ek gedichten yn. Hja wie de suster fan 'e Skiermûntseager 'trûbadoer' Henriëtte Pieperiet-Van Bon.

Wurk

  • 1991 – Lytje Darpen (skôging, yn: Fryske Skriuwerskalinder 1992)
  • 2001 – Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs
  • 2002 – Hest (gedicht, yn: it Frysk Deiblêd, 3 okt.)
  • 2003 – Fúetlasken (skôging, yn: Om de Noord)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130, s. 79, 94-95.
  • Perdok, Els, Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, Skiermûntseach, 2001 (Kultuerhistoaryske Feriening " 't Heer en Feer").

Tags:

19252 july20178 novimberDialektDichteresseFeanwâldenFryslânPublisisteSkiermûntseach (doarp)SkiermûntseagerskWurdboek

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Joy KissJade KushPortegalTruus PostmaSamoähunningiterSasha BeartFêsteljûnCarles PuigdemontDe Holder (literêr tydskrift)Yves BaillatFrysk hynderAmstel (rivier)TamboraIngelskFeriene Steaten1981Trio (seksualiteit)Salvador AllendeHôfdowenAudree JaymesKeltyske talenJeropaSkamte (anatomy)PearsVanessa SkyAmerikaanske dollarChesty Puller9 oktoberInes RidereJ. MacFiere Easten418LetterMasturbaasjeFerspriedingsgebietRosa CaraccioloYndoneezje2012ProaiAbortedBad Samaritan (film)Ald SelskipJan Hepkes WoudaMediaWikiRachel AzianiSaritha OlivieriRain Man1969Vanessa PrideGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001FellatioRicki RaxxxEuropean Girls Adult Film DatabaseYnternetMaserati XXXDea2010-er jierrenKanieldoUnderwiisMirka Antolović-TipurićLatynPornofilmFeriene KeninkrykAustraalje (lân)23 maaieGrutte Heitelânske Kriich1907Charles BukowskiCarmel MooreAsia (pornografysk aktrise)Fryske talenDemokratyske Republyk Kongo🡆 More