Parlemint

In parlemint is it heechst keazen beriedhâldende orgaan fan een demokratyske rjochtssteat, besteande út keazen fertsjintwurdigers fan it folk, de saneamde parlemintariërs of folksfertsjintwurdigers.

It parlemint spilet as de saneamde wetjaande macht in essinsjele rol by it meitsjen fan wetten en tafersjochhâlden op de útfierende macht. De namme komt fan it Frânske parler, dat "prate" betsjut; in parlemint is in petear, in diskusje, dus in gearkomst dêr't minsken diskusearje oer saken. In folksfertsjintwurdiging hjit allinnich parlemint yn in parlemintêr systeem, har tsjinfuotter yn in presidinsjeel systeem wurdt kongres neamd.

Parlemint
House of Representatives yn Austraalje.

Fan de nei skatting 180 lannen yn de wrâld hawwe 60 in bikeameraal systeem.

  • It parlemint fan it Feriene Keninkryk bestiet út it Legerhûs ('House of Commons') en it Hegerhûs (House of Lords).
  • De Steaten-Generaal fan de Nederlannen bestiet út de Twadde Keamer en de Earste Keamer (senaat).
  • It Federaal Parlemint fan Belgje bestiet út de Keamer (fan Folksfertsjintwurdigers) en de Senaat. Yn it Belgysk parlemint wurde de beide keamers net beneamd mei earste of twadde, der is dus in formele gelykheid fan de twa keamers. Yn Belgje wurdt de term "wetjouwende keamers" brûkt om nei de beide keamers fan it parlemint as aparte entiteiten te ferwizen.
  • It Dútsk parlemintêr systeem bestiet ek út twa organen: de Bûnsdei en de Bûnsried. Allinnich de Bûnsdei foarmet lykwols it federale parlemint. De Bûnsried wurdt as in ôfsûnderlike ynstelling beskôge.

Yn Nederlân wurdt de folksfertsjintwurdiging de Steaten-Generaal neamd. Sûnt 1814 is dit in parlemint, yn 1815 waard it splitst ta in twakeamerstelsel.

It Europeesk Parlemint hat ien keamer. Guon wolle in ekstra keamer mei leden út de nasjonale parleminten.

De funksje fan it parlemint

In parlemint hat 4 funksjes:

  1. Represintative funksje. Parlemintsleden fertsjintwurdigje it folk en foarmje dêrtroch de spil tusken de mienskip (it folk) en it polityk systeem.
  2. Wetjouwende funksje. It parlemint is de wetjouwende macht.Yn de werklikheid giet dit faak yn oerlis mei de regearing dy't faak wetsfoarstellen docht.
  3. Deliberative funksje. Dit is de funksje fan parlemintaarjers om te debattearjen oer nije wetsfoarstellen. Yn de US wurdt filibustearjen tapast om stimmingen oer wetsfoarstellen sa folle mooglik út te stellen.
  4. Kontrolearjende funksje. Parlemintsleden kontrolearje it funksjonearjen fan it regear sekuer. Hjirby kin ûnder oare gebrûk makke wurde fan kalkulaasjes fan de Algemiene Rekkenkeamer om te kontrolearjen oft de útfierende macht him oan de begrutting hâldt en it steatsjild ferantwurde útjout. In spesjaal kontrolemiddel is dat fan de parlemintêre ûndersykskommisje wêrmei't in kommisje oansteld wurdt om de oarsaak fan in grutte fout op in bepaald beliedsterrein út te sykjen en op basis hjirfan oanbefellings te dwaan.

List fan parleminten

Tags:

DemokrasyRjochtWetWetjaande machtÚtfierende macht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SeksferslavingMarianetrôch17 oktoberJasmine AlohaNij-GuineäPausAtenePresidint fan de Feriene SteatenSpanjeHludaneEvelyn Lin5 jannewaris2008FilipinenPornografyProvinsjes fan NederlânGrover ClevelandJayden LeeDomtsjerke fan MantuaAngelica BellaFideospultsje2012Sandy MilzHjerringslynderMûs (kompjûter)Kya Tropic1790MediaWikiPet (holdeksel)Seksuele yntimidaasjeGryptsjerkDomtsjerke fan OrvietoJ.R. CarringtonLimoerhalskankerStikelbaarchShae SummersKommunismeBeierske wrotmûsMarcel HirscherKoördinearre WrâldtiidPilekaaneftigenDomeinnammeVanda VitusKatedraal fan CataniaFryslânArwen GoldFjoerClara TrinityJasmine BlackEdelgasHylperskÇatalhöyük1766MuzykFrysktalige WikipedyKolombia19491990Oflûken (seksualiteit)KânselierRonald ReaganNederlân1933CJ MilesProstitueeSophie HilbrandEl Niño🡆 More