In skrikkelsekonde is in sekonde dy't tafoege wurdt ta korreksje fan it ferbân tusken de sinnedei en de oerwurkdei.
Om't de sekonde hjoeddeisk in definysje hat dy't gjin ferbân hâldt mei de dei, is it no mooglik dat in dei net krekt 24*60*60 sekonden lang is. De gemiddelde rotaasje fan de ierde nimt marzjinaal ôf, dat de middeldei yn de rin fan jierren is yndie krekt wat langer. Hjirom moat út en troch in sekonde tafoege wurde om foar te kommen dat de oerwurkdei foar midsnacht einiget.
Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 27 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op alle 18 moanne in skrikkelsekonde.
De sekonde wurdt ynfoege oan de ein fan in moanne, en leafst wurde hjirby de oergongen brûkt fan desimber nei jannewaris en fan juny nei july. Nei UTC 23:59:59 komt dan de skrikkelsekonde UTC 23:59:60, en pas dan begjint de nije dei, op UTC 0:00:00. De oanpassing wurdt tagelyk dien foar alle tiidzônes, dat yn tiidzônes op it eastlik healrûn wurdt de sekonde tafoege yn de rin fan de nije dei, wylst op it westlik healrûn de âlde dei langer wurdt.
Yn it systeem wurdt ek rekken hâlden mei negative skrikkelsekonden. As dêr ferlet fan is wurdt UTC 23:59:59 oerslein. Om't oannaam wurdt dat de rotaasje fan de ierde marzjinaal ôfnimt, wurdt net ferwachte dat dit ea barre sil. Lykwols is, tsjin de ferwachting foar langere tiid yn, sûnt it ynfoegjen fan de earste skrikkelsekonde 1972 de rotaasjefeart tanaam, dat mooglik is it al. Sa hat it ynterfal tusken de lêste twa skrikkelsekonden, 31 desimber 1998 en 31 desimber 2005, folle langer west as ea earder.
It wurdt wolris tocht dat skrikkelsekonden de lytse ôfwiking fan de Gregoriaanske kalinder oanpasse moatte, mar dat is net sa. Dat ôfwiken hâldt ferbân mei de rotaasje fan de ierde om de sinne, dat as it ea sa fier komt dan moat dat oanpast wurde mei in skrikkeljier.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Skrikkelsekonde, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.