Prevostklapperrôt

De prevostklapperrôt, Prevosts klapperrôt, it prevostiikhoarntsje of Prevosts iikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus prevostii, soms misstavere as C.

prevosti) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat foarkomt yn Súdeast-Aazje.

prevostklapperrôt
Prevostklapperrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai pronkiikhoarntsjes (Callosciurus)
soarte
Callosciurus prevostii
Desmarest, 1822
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Prevostklapperrôt

Fersprieding

De prevostklapperrôt is lânseigen yn it westlike diel fan 'e Yndyske Arsjipel, dêr't er foarkomt yn Yndoneezje, Maleizje, Brûnei, Singapoer en Tailân. It ferspriedingsgebiet fan dizze soarte beslacht de eilannen Sumatra, Billiton en Borneo hielendal, en teffens it skiereilân Malakka, ynkl. yn it uterste suden fan Tailân. Fierders bestiet der in yntrodusearre populaasje op it Minahasa-skiereilân fan noardlik Selebes.

Uterlike skaaimerken

Prevostklapperrotten hawwe in swarte rêch, bealch, kop, sturt en efterpoaten, in grize kiel en skouders, readbrune oant oranje foarpoaten en wite fangen. Dit kleurpatroan is lykwols beheind ta de ûndersoarte Callosciurus prevostii prevostii, dy't lânseigen is yn Malakka; guon oare ûndersoarten binne lang net sa opfallend kleure. Callosciurus prevostii pluto, fan noardlik Borneo, bygelyks, is swart op 'e rêch en readoranje op 'e bealch, sûnder wite dielen op 'e fangen.

Fretten

De prevostklapperrôt fret fruchten, nuten, sied, blommen, blomknoppen, ynsekten en fûgelaaien. Hy hat it foar de moade en naai mei fruchten út nei in restich plakje om se op te iten, en draacht sa by oan 'e fersprieding fan fruchtbeammen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Prevostklapperrôt FerspriedingPrevostklapperrôt Uterlike skaaimerkenPrevostklapperrôt FrettenPrevostklapperrôtFamylje (taksonomy)IikhoarntsjesKjifdierenLatynPronkiikhoarntsjesSkaai (taksonomy)SkiftSúdeast-AazjeSûchdieren

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tweintichste iuwHûneftigenDomeinnammePolyneezjeKoalstofVideo Art HollandList fan spoarlinen yn NederlânMontevideoKromme KnillisInes Ridere2006Moriah MillsJayden Lee4 febrewarisSean LawlessStasjon Breda-Prinsenbeek31 maartDoutzen KroesParis HiltonOrale seksReesttsjerke (Balkbrêge)Angelica BellaTheodor StormArwen GoldGesinJosy BlackIvy SherwoodRocco SiffrediEjakulaasjeFykology2009Pyreneeske wrotmûsLos AngelesWeenske oesterMagrebsliepmûsJob CohenGeorgyskTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenSylvia KristelArkansasEastenrykKalûga1 maaieBlondie (pornografysk aktrise)Latynsk-AmearikaJ. MacJezabel VessirDútskVina SkyOarehelteHardenberg (gemeente)Anne fan Grut-BrittanjeGaya PatalKarel II fan IngelânFamylje (taksonomy)1675KaukasusiikhoarntsjeMan (sekse)DaarlerveenKanielkoppappegaaidoTverElegant AngelBywurdHeather LeeRita FaltoyanoRottekopCJ MilesSensual JanePuna-ibis🡆 More