Plant Sied

In sied of siedsje is in embryoanyske plant dy't, ornaris mei in ynterne fiedingsboarne, omjûn wurdt troch in beskermjende, faak hurde, bûtenlaach dy't de siedmantel neamd wurdt.

It is it produkt fan it fuortplantingsproses dat plakfynt binnenyn de memmeplant; mei de foarming fan it sied wurdt dat proses yn siedplanten foltôge. Der besteane ferskate meganismen dy't planten brûke om har sied te fersprieden.

  • anemogory: fersprieding troch de wyn; bekend fan it sied fan 'e hynsteblom, dat fêstsit oan in lyts plomke dat meifierd wurdt troch de wyn
  • autogory: fersprieding troch de plant sels
    • fysiologyske autogory: hjirby wurdt (by oanrekking) it sied fuortspuite
    • meganyske autogory: hjirby sit it sied faak yn in iepenspringend sieddoaske, sadat it fuortslingere wurdt
  • hydrogory: fersprieding troch wetter
    • nautohydrogory: fersprieding troch fuortdriuwen op streamend wetter
    • ombrohydrogory: fersprieding fia it spatwetter fan fallende reindrippen
  • soögory: fersprieding troch bisten; hjirby sitte der heakjes (klissen) oan it sied, sadat it yn 'e pels fan passearjende bisten hingjen bliuwt, of is it ferpakt yn in smaaklike frucht, dy't troch bisten opfretten wurdt en op in oar plak wer útdriten
    • antropogory: fersprieding troch minsken
    • myrmekogory: fersprieding troch eamels
Plant Sied
Flaakssied.

In protte plantedielen dy't yn it deistich spraakgebrûk oantsjut wurde as "sieden", binne eins drûge fruchten of pitten. Sinneblommesied, bygelyks, wurdt faak ferkocht wylst it noch yn 'e hurde pit sit. Ek moat sied net betize wurde mei nuten, dat de hurdmantelige fruchten fan guon planten binne, dêr't it sied binnenyn sit. By guon sêfte fruchten (de saneamde stienfruchten) wurdt it sied de "stien" neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

FuortplantingPlant

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

EreksjeProstitueeSpoar fan Grins nei DelfsylIerlânStoomauto16e iuwDanijel DizdarevicTechnologyTelefyzjeList fan planetoïden 1001-2000LybjeStasjon BedumLeafde1505Harmony WonderHoratio NelsonIvan IV fan RuslânHelp197969 (sekshâlding)KnivskjelloddenPasta (daaiguod)Spoar fan Grins nei EemshavenFryske RykTuberkuloazeYnternetNoardwâlde (Grinslân)FrânskSkiednisDútskYiming CuriosityNikolo-Korelski kleasterAlde EgypteTrochgongNije TestamintDionysusGregoriaanske kalinderBernepornografyPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Lev TolstojIvy SherwoodSint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)AnargismePaleokontinintPriya PriceYves BaillatJudeä (Romeinske provinsje)Artefakt (archeology)GoudUgandaStút (lichemsdiel)Missy ElliottBline NettelList fan planetoïden 31001-3200010e iuwWetKeninkryk SkotlânAppingedamGeslacht (sekse)Sean LawlessPalermoJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Claudia SchifferSensual JaneLos AngelesKûl Sjarif-moskeeYndo-Jeropeeske talenBelfastPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Microsoft WindowsBouke Oldenhof🡆 More