Paulus Folkertsma (Wommels, 15 jannewaris 1901 - Aldeboarn, 4 maaie 1972) wie ûnderwizer yn Aldeboarn, bestjoerslid fan maatskiplike en tsjerklike organisaasjes en benammen komponist.
Yn 1906 ferfear de húshâlding út Wommels nei Berltsum. Dêr krige Folkertsma syn earste lessen fioelspyljen fan de pleatslike ûnderwizer. Doe't er 14 jier wie gie er nei de Rykskweekskoalle yn Maastricht. Dêr skreau er syn earste komposysjes. Nei tydlike oanstellings yn Ljouwert en Sondel waard er beneamd oan de iepenbiere skoalle fan Aldeboarn. Hy soe dêr 40 jier ûnderwizer wêze.
Folkertsma komponearre as autodidakt operettes en skreau lieten, kanons, kwartetten en orkestwurken. ien fan syn bekendste wurken is de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren, dat generaasjes Fryske bern op 'e skoalle leard hawwe. De Paulus Folkertsma Stichting wol syn wurk opnij ûnder de oandacht bringe middels konserten en jout de útjefte "Nijs" út. Op 23 juny2018 waard yn Aldeboarn foar ien kear it muzykfestivalMidsimmertwirre holden, wêrby't Folkertma en syn wurk sintraal stiene.
Komposysjes
Orkestwurken
Fjouwer Amerijen op. 3 (1924)
Earste Orkest Suite Fjirde Orkest Suite -30 stimmen- op. 31 (1932)
Symfoanysk Gedicht Skiermûntseach -32 stimmen en strykkwartet op. 35A (1933)
Wals út De schatten van de Lutine -24 stimmen- op. 20 (1931)
Uvertuere In Honorem Bolsvardiæ -18 stimmen- op. 58 (1953)
Yn Memoriam Karst Dijkstra -17 stimmen- op. 53 (1951)
Suite foar lyts orkest -14 stimmen- op. 72 (1969)
Solo en orkest
Andante foar sello en lyts orkest yn g lyts op. 21 (1929)
Romance foar fioele en orkest yn C grut -18 stimmen op. 6 (1925)
Concertino for violin and small orchestra in a minor op. 70 (1967)
Declamatorium Prolooch oant "De Hoara's fen Hastings" op. 39 (1939)a: declamatorium mei piano b: declamatorium mei orkest
Koarmuzyk mei begelieding
Ontwaakt, Gij die slaapt (kantate mei Nederlânskse tekst) op. 27 (1931). sopraan, alt, tenoor, soli, mingd koar en oargel
Psalm 57:2 foar mingd koar en fanfare orkest op. 37 (1936)
Toanielmuzyk by "Simson" fan Fedde Schurer -16 stimmen- op. 51 (1947) (Nederlânsk en Frysk) solo stimmen, mingd koar en lyts orkest
Wer binn' de fjilden grien ( Betinkings kantate) teksten fan Douwe Tamminga en Fedde Schurer deklamaasje, mingd koar en orkest -12 stimmen- op. 32 (1949)
De fyftsjinde April (Betinkings kantate) op. 54 (1951) alt solo, deklamaasje, mingd koar en orkest -12 stimmen-
Muzyk by de feestlike betinking fan Gysbert Japicx op. 68 (1965)
Opera en operettes
De Skatten fan de Lutine op. 20 ( 1929) Operette yn 3 bedriuwen op Nederlânske tekst, soli, mingd koar, strykorkest, piano en oargel
De Jonkerboer op. 50 (1946) Opera yn 2 bedriuwen nei "Rimen en teltsjes" fan de bruorren Halbertsma Libretto: Dr.Y.Poortinga; soli, mingd koar en orkest
Koar á kapella
op. 1 (1922); 5 & 7 (1925); 16 (1927); 26 (1930-31); 69 (1960); 77 (1971) 49 ferskillende lieten op Fryske tekst foar mingd koar
Strykkwartet Yn Memoriam foar 3 soldaten fan de Canadian Army (1943)
Sonate yn d lyts foar fioele en piano op. 46 (1942)
Suite yn d lyts Yn âlde styl op. 40 (1935) foar kwinton, viola d'amore, tenor- en basgamba en sembalo
Trio foar hobo, klarinet en fagot yn Bes grut op. 65 (1957)
2 trio's foar hobo, klarinet en fagot yn F grut en Bes grut op. 62 (1956). Basearre op twa Fryske folkslietsjes en rekonstruearre troch Dirk Meijer
Muzyk foar toetsynstruminten
3 Sonatines foar piano yn C grut op. 58 (1944-1952)
Preludium yn Bes lyts foar oargel op. 41 (1937)
Suite foar oargel no opus(1951)
Sololieten
Ungefear 50 lieten foar ferskate solostimmen en piano op Fryske teksten fan Obe Postma, P.van der Burg, Rixt, S.Jongema, J.H.Brouwer, F.Schurer, Simke Kloosterman, P.J.Troelstra, Douwe Kalma, J.Eisinga, G.Jonkman en oaren.
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Folkertsma, Paulus.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Paulus Folkertsma, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.