Simke Kloosterman

Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Frysk skriuwster en dichter.

Simke Kloosterman
Simke Kloosterman skriuwer
Simke Kloosterman as jongfaam
Simke Kloosterman as jongfaam
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym In Frysk famke
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 25 novimber 1876
berteplak Twizel
stoarn 5 desimber 1938
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre roman, poëzy, mearke
bekendste
  wurk(en)
De Hoara's fen Hastings,
De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit
Simke Kloosterman
De grêven fan Simke Kloosterman, har heit (r) en pake en beppe yn Twizel

Biografy

Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wyk by Duerstede

Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht allinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.

It hûs dêr't se altyd wenne, is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Dêr is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Mei de Simke Kloosterman Rintocht yn Twizel wurdt ek omtinken jûn oan de skriuwster.

Yn Twizel wurdt om de trije jier de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berne- en jeugdboek.

Yn 2023 ferskynde fan Phillipus Breuker in wiidweidige biografy fan Simke Kloosterman mei de titel De keunst as útwei.

Douwe Kalma hie al earder (in ûnfoltôge) biografy skrean. De biografy fan Breuker pleatst de skriuwster yn it ramt fan har famyljeskiednis en hy ûntrafelt wêrom't se keas foar in bestean als skriuwster in het Frysk.

Wurk

Romans

  • De Hoara's fen Hastings (1921)
  • It Jubeljier : 1793-1813 (1927)
  • Hengist en Horsa (novelle) (1933) Sjoch ek: Hengist en Horsa en Keninkryk Kent
  • Ut de gielgoerde (novellen) (1936)
  • Ut de gielgoerde (novellen en oar proaza) (1944)
  • Ut de gielgoerde (karlêzing) (1963)

Dichtwurk

  • Ruth: In hân fol ieren (fersen en ferhalen) (1910)
  • De wylde fûgel (1932)
  • Lisck fen Eijsinga (ballade) (1941)
  • Myn lân (karlêzing) (1982)

Ferskaat

  • Twiljochtteltsjes (mearkes) (1928)
  • Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (1932-1933)
  • Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) (1932)
  • Beppe yn ’e fleur (1936)
  • De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit (1938), Itensierdersboek.
  • Simke Kloosterman Spreuken (1962)
  • De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma (1976)

Keppelingen om utens

Simke Kloosterman  Commons: Simke Kloosterman – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Simke Kloosterman BiografySimke Kloosterman WurkSimke Kloosterman Keppelingen om utensSimke Kloosterman1876193825 novimber5 desimberDichterLjouwert (stêd)SkriuwsterTwizel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TiisdeiPaulina SeikolaISO 3166Jan KleefstraManlikPlantenHarmony WonderEritreäBoskmarmotLeisure Time EntertainmentKanadeeske beverNigearia2 aprilJaylene RioGernierSweedskRoxy Raye21e iuwGaya PatalPsychiatrysk sikehûsNoemilkSkriuwerMahina ZaltanaBesnijenisGoldband1976Anne FrankMax WernerAmerikaanske steatenRocco SiffrediFêsteljûnMarrit van der WalFellatioApogeum16 aprilAldingelskShae SummersKompjûterPornografyBauke MollemaLondenLoftmachtWordPressSwahily (taal)Blaudoke17 novimberLexi DiamondBritney SpringSkiednis fan JapanLolitapornografyDenemarkTineke Steenmeijer-WielengaÉdouard-Henri AvrilHTMLTaekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2012SloveenskMuskusrôtGrienlânVina SkyAshley OceanSaskatchewanNoardfryskAnne PorteDe Holder (bernetydskrift)Miranda Werkman2002Priya PriceEigenskipswurd🡆 More