Landkreis Meissen

De Landkreis Meissen is in lânkring yn de Dútske Frijsteat Saksen.

De lânkring bestiet út it kearngebiet fan it eardere markgreveskip Meissen en waard stifte op 1 augustus 2008.

Landkreis Meißen
Landkreis Meissen
flagge wapen
Landkreis Meissen Landkreis Meissen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Landkreis Meissen Dútslân
bûnslân Landkreis Meissen Saksen
haadplak Meissen
tal gemeenten 28
kenteken MEI, GRH, RG, RIE
Kreisschlüssel 14 6 27
sifers
ynwennertal 240.371 (2020)
oerflak 1.454,59 km²
befolkingstichtens 165 / km²
oar
stifting 2008
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 51°10′ N 13°29′ E
webside lânkring Meissen

Geografy

De lânkring Meissen is in lânkring yn it noardlike midden fan de Frijsteat Saksen, dêr't de Elbe dwers troch hinne streamt. Oanbuorjende distrikten binne yn it noarden de lânkringen Oberspreewald-Lausitz en Elbe-Elste yn Brandenburch, yn it easten de lânkring Bautzen, yn it súdeasten de kringfrije stêd Dresden, yn it suden de lânkring Sächsische Schweiz-Osterzgebirge, yn it súdwesten de lânkring Mittelsachsen en yn it noardwesten de lânkring Nordsachsen.

It heechste punt fan de lânkring leit 340 meter boppe seenivo yn it Zellwald by Nossen. It op ien nei heechste punt is de Baeyerhöhe mei in hichte fan 320,5 meter.

Stêden en gemeenten

De lânkring bestiet út 28 gemeeenten, wêrfan 10 stêdsrjochten hawwe. De stêden Coswig, Großenhain, Meissen, Radebeul en Riesa meie de spesjale namme Große Kreisstadt drage. Njonken de stêden binne der noch 18 gemeenten sûnder stedsrjochten, dy't gearwurkje en foar in part ek mei stêden bestjoerd wurde. Der binne optheden (2021) trije bestjoersgemeenten yn de lânkring Meissen.

Op 31 desimber 2020 wie Radebeul mei goed 33.800 ynwenners de grutste stêd, folge troch Riesa mei likernôch 29.300 ynwenners en de haadstêd Meissen mei likernôch 28.200 ynwenners.

Landkreis Meissen 
Yndieling gemeenten fan de lânkring Meissen
Stêden Gemeenten
  1. Coswig
  2. Gröditz
  3. Großenhain
  4. Lommatzsch
  5. Meissen
  6. Nossen
  7. Radebeul
  8. Radeburg
  9. Riesa
  10. Strehla
  1. Diera-Zehren
  2. Ebersbach
  3. Glaubitz
  4. Hirschstein
  5. Käbschütztal
  6. Klipphausen
  7. Lampertswalde
  8. Moritzburg
  9. Niederau
  1. Nünchritz
  2. Priestewitz
  3. Röderaue
  4. Schönfeld
  5. Stauchitz
  6. Thiendorf
  7. Weinböhla
  8. Wülknitz
  9. Zeithain
 
Landkreise en Kreisfreie Städte fan Saksen
Landkreis Meissen 

Bautzen - Chemnitz - Dresden - Erzgebirgskreis - Görlitz - Leipzig (stêd) - Leipzig - Meissen - Mittelsaksen - Nordsaksen - Sächsische Schweiz-Osterzgebirge - Vogtlandkreis - Zwickau

Tags:

DútslânLandkreisMarkgreveSaksen (dielsteat)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne2016Kees van KootenKlút26 jannewarisAda SanchezKaribysk Nederlân2A Bridge Too Far (film)1876PortegeeskOman5 jannewarisSyrillysk alfabet67Glasgow1882TuneezjeEls PerdokMassachusettsAutoDrankbestridingKleurLucasfilmOlympyske SpullenDKing of Kings (film út 1961)WikipedyIslamityske kalinder18093e iuwAlberto AscariYndo-Jeropeeske talenSkimmelsKristusLong Shot (film út 2019)De Bining (Easternijtsjerk)Moriah MillsLFeriene keninkrykUtwreiding fan de Jeropeeske UnyDaisy SummersTennisI1890EuroJapanske yenAuxiliary Power Unit1 maartAgnostisisme2022Jasmine Aloha1926Star WarsRoemeenjeSkipperssankjeFandalenSekshâlding9Utah1995The DoorsEskBTsiisBlanche Bradburry1977Hûn🡆 More