De lânkring (Landkreis) Mayen-Koblenz is in bestjoerlik distrikt yn it noarden fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
It bestjoer fan it distrikt komt gear yn Koblenz, in kreisfrije stêd dy't net by de lânkring heart. De grutste stêd wat ynwennertal oanbelanget is Andernach. De lânkring is mei likernôch 215.000 ynwenners ien fan de grutste distrikten fan Rynlân-Palts.
Mayen-Koblenz | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Landkreis |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Koblenz (bestjoerssit) |
grutste plak | Andernach |
tal gemeenten | 87 |
kenteken | MYK, MY |
Kreisschlüssel | 07 1 37 |
sifers | |
ynwennertal | 214.434 (2019) |
oerflak | 817,25 km² |
befolkingstichtens | 262,1 / km² |
oar | |
stifting | 1973 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°20′ N 7°20′ E |
webside | www.kvmyk.de |
Mayen-Koblenz waard yn 1973 troch gearfoeging fan de twa distrikten Mayen en Koblenz foarme.
Oanbuorjende distrikten binne (fan it noarden mei de klok mei) Ahrweiler, Neuwied, Westerwaldkreis, Koblenz, Rhein-Lahn, Rhein-Hunsrück, Cochem-Zell en Vulkaneifel.
De twa grutste rivieren yn Mayen-Koblenz binne de Ryn en de Mûzel, dy't yn de stêd by de Deutsches Eck yn Koblenz gearrinne. Yn it wêst fan de lânkring leit it Eifelgeberchte mei de Laacher See, in kratermar dat likernôch 12.000 jier lyn nei fulkanyske aktiviteit ûnstie .
It wapen ferieniget eleminten fan de wapens fan de eardere distrikten. De beam is ûntliend fan it eardere distrikt Mayen. De wite golf ferwiist nei de twa rivieren Ryn en Mûzel en de kroan is in ferwizing nei it kiezen fan kening fan it Hillich Roomske Ryk yn Rhens.
Ferbânsfrije stêden |
---|
Ferbânsgemeenten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de Verbandsgemeinde; 2 stêd |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Mayen-Koblenz fan Wiki Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Mayen-Koblenz, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.