Landau in der Pfalz (yn it lokale dialekt: Landaach) is in kreisfreie Stadt en it bestjoerssintrum fan it Landkreis Südliche Weinstraße yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Kwa oerflak is Landau mei 82,94 km² de tredgrutste stêd fan de Palts, nei Kaiserslautern en Neustadt an der Weinstraße. As der ek rekken holden wurdt mei it ynwennertal dan moat Landau ek de stêden Speyer en Ludwigshafen am Rhein noch foar gean litte. De stêd leit oan de Dútske wynrûte eastlik fan it Paltserwâld, it grutste oaniensletten bosk fan Jeropa.
Landau in der Pfalz | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Rynlân-Palts |
Sifers | |
Ynwennertal | 44.465 (31-12-2014) |
Oerflak | 70,65 km² |
Befolkingstichtens | 536 /km² |
Hichte | 142 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.landau.de |
Sûnt 1990 is Landau in universiteitsstêd.
Yn de Twadde Wrâldkriich hearde de stêd tegearre mei Mannheim mei syn foar de oarlochsfiering wichtige yndustry ta de meast bombardearre plakken fan Súd-Dútslân. Mear dan 80% fan de binnenstêd waard troch de 124 bombardeminten op stêdekloft ferwoastge. Njonken de befolking fan de stêd hiene ek de likernôch 50.000 bûtenlânske twangarbeiders swier te lijen fan it oarlochsgeweld.
Fan de midsiuwen ôf wennen der joaden yn Landau, dy't yn 'e Palts benammen yn de wynhannel warber wiene en de grutste joadske mienskip fan 'e Palts foarmen. De measten fan de likernôch 600 minsken tellende joadske mienskip ferlieten Landau al yn 1933. De joaden dy't bleanen waarden yn 1940 nei Gurs yn Súd-Frankryk ôffierd. Harren monumintale synagoge op de hoeke fan de Friedrich-Ebert-Straße/Reiterstraße út de jierren 1880-1882 waard op 9 novimber 1938 yn 'e jiske lein. Yn de Kaufmannsgassestiet it Frank-Loebsche-Haus, dat yn de 19e iuw troch Zacharias Frank, de oerpake fan Anne Frank, kocht waard en yn de oarloch troch de nazy's as joadehûs oanwiisd waard. It Frank-Loebsche-Haus jout tsjintwurdich ûnderdak oan in útstalling oer de joadske skiednis fan Landau en de ferfolging fan de Paltser Sinty.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landau fan Wiki Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1] |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Landau in der Pfalz, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.