Zweibrücken

Zweibrücken is in kringfrije stêd yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.

Zweibrücken
Zweibrücken
Flagge Wapen
Zweibrücken Zweibrücken
Polityk
Lân Zweibrücken Dútslân
Dielsteat Zweibrücken Rynlân-Palts
Lânkring Zweibrücken Mainz-Bingen
Sifers
Ynwennertal 34.193 (31.12.2019)
Oerflak 70,64 km²
Befolkingstichtens 484 / km²
Hichte 89 m
Oar
Stifting 12e iuw
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 15´N 7° 22´E
Webside www.zweibruecken.de

Flak foar it ein fan de Twadde Wrâldkriich waard Zweibrücken troch in bombardemint fan de Royal Air Force en de Royal Canadian Air Force hast folslein ferneatige. Mei mear as 80% ferneatiging hearde Zweibrücken ta de slimst troffen stêden fan Dútslân. Dy dei wurdt ek tsjintwurdich noch yn 'e folksmûle "Swarte Woansdei" (Schwarzer Mittwoch) neamd.

Stedsyndieling

Zweibrücken 
Stedsyndieling

Zweibrücken is te verdielen yn meardere stedsdielen. De doarpen Bubenhausen en Ernstweiler waarden yn 1926 by Zweibrücken yndield, yn 1938 folgen Ixheim en Niederauerbach. Yn 1972 wreide it stedsgebiet him út mei Mörsbach yn it noarden, Oberauerbach yn it noardeasten, Rimschweiler yn it suden, Mittelbach-Hengstbach yn it súdwesten en Wattweiler yn it wêst fan de stêd. De doarpen dy't yn 1972 by Zweibrücken yndield binne hawwe de status fan Ortsbezirk.

It besjen wurdich

Yn Zweibrücken is it barokke slot (1720-1730) it besjen wurdich. It eardere residinsjeslot fan de hartogen fan Zweibrücken waard yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar yn 1965 wer opboud. De saneamde Herzogvorstadt bestiet út ferskillende barokke gebouwen dy't yn de jierren 1762–1772 boud waarden. It hiele kompleks giet op ûntwerpen fan Christian Ludwig Hautt werom en waard yn de Twadde Wrâldkriich sparre foar ferneatiging. De gebouwen wurde tsjintwurdich troch de oerheid brûkt en it Stadtmuseum.

De âldste tsjerke fan Zweibrücken is de letgoatyske, protestantske Alexanderskirche (1493). Oare wichtige binnenstedstsjerken binne de Karlskirche (1708-1711), dy't yn opdracht fan kening Karel XII fan Sweden boud waard, en de nei de Twadde Wrâldkriich yn oare foarm werboude roomsk-katolike Heilig Kreuz Kirche.

Parken

De stêd telt in pear grutte parken.

  • De Rosengarten is ien fan de grutste parken fan Europa en telt mear as 60.000 roazeplanten fan 2.000 ferskillende soarten.
  • Yn 1974-1976 waard yn Zweibrücken op de grûn fan it eardere lustslot fan de Poalske kening Stanislaus Leszczynski in park foar wylde soarten roazen oanlein. De beide parken binne mei in paad meiïnoar ferbûn, de Rosenweg.
  • De Fasanengarten waard nei 1740 yn opdracht fan hartoch Kristiaan IV oanlein. It park, ien fan de grutste barokke parken noardlik fan de Alpen, wurdt noch fierder restaurearre.

Keppeling om utens

 
Rynlân-Palts
Zweibrücken 
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

Tags:

Zweibrücken StedsyndielingZweibrücken It besjen wurdichZweibrücken ParkenZweibrücken Keppeling om utensZweibrückenDielsteatDútslânKreisfreie StadtRynlân-Palts

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FinskAleksander de GrutteMay ThaiAdolf HitlerJordaanjeSkamhier418BombayHindrik van der MeerFresia (midsieuwen)KunnilingusPolitikusKlone (band)ArgusflinterYnvestearjenAfro-Aziatyske woastynsliepmûsStimakteurVictoria GivensDútslânBrazilian waxCandy MansonHalona VogJulie SkyhighSúd-KoreäSwedenHeechFresiaFerbûn fan de EalljuFrisia16 aprilCharlie ChaplinAubrey KateEkshibisjonismeAafke BijlsmaDe Like (gemeente)Creative CommonsPavel DoerovFriezenFrysktalige WikipedyMaya BijouMuzykInstitut polytechnique de ParisWeenske oesterArnon GrunbergMarilyn CrystalFersekeringNynke HeegJoo Min LeeHertpuzelPearsGrutte SlinkTwadde WrâldkriichFryskKryptogramHTMLKanieldo69 (sekshâlding)Evelyn LinHôfdowenYndiaNeakenfotografyEdsger Wybe DijkstraReligySnitsBrazzersTiffany Towers (pornografysk aktrise)WolfTiengemetenMia LiJules Bianchi17 aprilDrinteKristina Lion🡆 More