De lânkring Alzey-Worms is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
It plak mei de measte ynwenners is de ferbânsfrije stêd Alzey, dêr't ek it bestjoer syn sit hat. De lânkring waard foar it grutste part gearstald út de eardere lânkringen Alzey en Worms, dy't oant 1945 yn de Folkssteat Hessen leine.
Landkreis Alzey-Worms | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Alzey |
grutste plak | Alzey |
tal gemeenten | 69 |
kenteken | AZ |
Kreisschlüssel | 07 3 31 |
sifers | |
ynwennertal | 131.330 (2021) |
oerflak | 588,15 km² |
befolkingstichtens | 223 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1969 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°38′ N 8°15′ E |
webside | www.kreis-alzey-worms.eu |
De lânkring waard nei de stêden Worms en Alzey ferneamd. Worms leit súdeastlik fan de lânkring, mar makket der gjin ûnderdiel fan út. Yn Alzey hat it bestjoer syn sit. De Ryn foarmet de eastlike grins fan de lânkring en is tagelyk ek de bûnsgrins mei Hessen. Fan dêr út wreidet it Alzeyer Heuvellân him yn westlike rjochting oant de útrinners fan it Pfälzerwald út. It westlike diel fan de lânkring is in rotseftich lânskip mei bosk, dat ek wol Rynhessysk Switserlân neamd wurdt.
De lânkring grinzget mei de klok mei fanút it noardeasten oan de lânkringen Groß-Gerau en Bergstraße (alle twa yn Hessen), de stêd Worms en de lânkringen Bad Dürkheim, Donnersbergkreis, Bad Kreuznach en Mainz-Bingen (allegear yn Rynlân-Palts).
Jier | 1961* | 1970* | 1980 | 1987* | 2000 | 2010 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 92.937 | 96.304 | 95.946 | 99.619 | 123.243 | 124.760 | 134.506 |
Ferbânsfrije stêd:
Ferbânsgemeenten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Alzey-Worms fan Wiki Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Alzey-Worms, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.