De lânkring Südliche Weinstraße is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts.
De lânkring leit yn de metropoalregio Rynlân-Neckar en de sit fan it kringbestjoer is yn de kringfrije stêd Landau in der Pfalz, dy't hielendal troch de lânkring omklamme wurdt. De gemeente mei de measte ynwenners is de Ortsgemeinde Herxheim bei Landau.
Landkreis Südliche Weinstraße | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
grutste plak | Herxheim bei Landau |
tal gemeenten | 75 |
kenteken | SÜW |
Kreisschlüssel | 07 3 37 |
sifers | |
ynwennertal | 110.521 (2019) |
oerflak | 639,83 km² |
befolkingstichtens | 173 / km² |
oar | |
stifting | 1969 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°11′ N 8°3′ E |
webside | suedliche-weinstrasse.de |
De lânkring waard ferneamd nei de earste yn 1930 iepene toeristyske rûte yn Dútslân, de Deutsche Weinstraße. De súdlike helte fan de rûte giet fan súd nei noard troch de lânkring mei yn it easten de Boppe-Rynske Leechflakte en yn it westen it Pfälzerwald.
De rivier de Lauter foarmet yn it suden de grins mei Frankryk. In oare rivier dy't troch de lânkring streamt is de Queich.
De Südliche Weinstraße grinzget mei de klok mei yn it wêst begjinnend oan de lânkring Südwestpfalz, oan in eksklave fan de kringfrije stêd Landau in der Pfalz, oan de lânkring Bad Dürkheim, oan de kringfrije stêd Neustadt an der Weinstraße en oan de lânkringen Rhein-Pfalz-Kreis en Germersheim. Yn it suden grinzget de Südliche Weinstraße oan it Frânske departemint Bas-Rhin.
Ferbânsgemeenten | |||
---|---|---|---|
|
|
| |
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Südliche Weinstraße fan Wiki Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Südliche Weinstraße, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.