Marron C.
Fort (folút: Marron Curtis Fort; 24 oktober 1938, Boston, Nij Hampshire – Lier, 18 desimber 2019) wie in Amerikaansk-Dútske taalwittenskipper fan it Sealtersk en it Eastfrysk (Nederdútsk). Fort is hikke en tein yn Bosten, Nij Hampshire. Hy wie yn it besit fan it Dútske Steatsboargerskip en wenne oant syn ferstjerren yn Leer yn Eastfryslân. Fort is sûnt 4 desimber 2004 eareboarger fan de gemeente Sealterlân.
Fort studearre yn 1957 ôf oan de Princeton Universeit yn de fakken Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk, Skandinavyske talen en Wiskunde. Yn 1961 stapte er oer nei de Universiteit fan Pennsylvania yn Philadelphia. Yn it ramt fan in útwikselingsprogramma kaam er yn 1963 oan de Albert-Ludwigs-Universiteit yn Breisgau. Yn 1965 promovearre hy mei in proefskrift oer it Nederdútske plakje Vechta by prof. Alfred Senn oan de Universiteit fan Pennsylvania ta Dokter yn de Filosofy.
Fan 1969 oant 1985 hat Marron Fort professor Dútsk oan de Universiteit fan Nij-Hampshire west. Yn dy tiid, yn 1976/1977 en 1982/1983, joech er ek gastkolleezjes oan de Universiteit fan Aldenboarch. Ek begûn er om dy tiid hinne mei syn stúdzjes oer it Sealtersk en it Nederdútsk. Fan 1983 oant 2003 wurke er by de universiteit fan Aldenboarch as master fan it Sealtersk en it Nederdútsk. It Näie Tästamänt un do Psoolme (nije Testamint en de Psalmen) waarden yn it jier 2003 troch Marron Curtis Fort nei it Sealterfrysk oerset.
Yn East-Fryslân hat Fort sûnt 1982 yntinsyf ûndersyk dien nei it Eastfryske Platt. Om dat te dwaan hifke er in basiswurdskat fan 3.000 wurden yn Auwerk, Baltrum, Boarkum, Dornum, Esens, Großefehn, Jyst, Krummhörn, Langereach, Lier, Norden, Norderney, Oldersum, Remels, Rhauderfehn, Reiderlân, Spikereach, Südbrookmerland , Wangereach en Westoverledingen respektyflik en waarden skriftlik fêstlein. Boppedat hat er in protte ferhalen fan ynformanten optekene yn it oanbelangjende pleatslike dialekt. It doel fan syn ûndernimming wie om it Eastfryske Platt tegearre mei de pleatslike ferskillen te dokumintearjen. In pland hânboek fan it Eastfrysk koe lykwols nea ôfmakke wurde. De grûnstof dy't er fan 1982 oant 2019 sammele, stiet no yn it Universiteitsargyf yn Oldenburg.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Marron C. Fort, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.