Soldaat

In soldaat (fan it Frânske soldat; froulike foarm: soldate) wie oarspronklik in kriichsman dy't tsjinne yn ruil foar útbetelling fan soldij, yn tsjinstelling ta hearrigen dy't as kriichsman tsjinnen omreden fan lienplicht of hearfeart, of krigers, dy't har taleine op oarlochfiering yn it ramt fan in tribale maatskippij of kultuer.

Tsjintwurdich is in soldaat in militêre rang (yn Nederlân sprekt men by sokke lege rangen yn it militêre jargon fan stannen). In legere rang as soldaat is der net; de boppelizzende rang is dy fan korporaal.

In soldaat yn oplieding hjit in rekrút, en in âld-soldaat in feteraan. Soldaten komme foar by de lânmacht en de loftmacht. De ekwivalinte stannen by de marine, de mariniers en de maresjesee binne matroas, marinier, resp. maresjesee. Mei-inoar wurde dy saneamde ûngraduëarre stannen ek manskippen neamd. Sy fersoargje alle legere útfierende taken en binne ynsetber foar ûnderskate tsjinsten binnen de ienheid fan it kriichsmachtsûnderdiel dêr't se ta hearre.

Gradaasjes

Yn it Nederlânske leger is de stân fan soldaat sûnt 2002 ûnderferdield yn trije klassen:

  • soldaat 3e klasse: dit is de 'ynstaprang' foar alle manskippen fan it leger; sa'nent folget de Algemiene Militêre Oplieding (AMO)
  • soldaat 2e klasse: hat de AMO ôfrûne en folget de Inisjele Funksje Oplieding (IFO)
  • soldaat 1e klasse: hat in automatyske befoardering krigen 1 jier nei ôfrûning fan 'e IFO

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e ûnderskate manskipstannen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
soldaat 1e klasse of marinier 1e klasse1 matroas 1e klasse soldaat 1e klasse
soldaat 2e klasse
of marinier 2e klasse1
matroas 2e klasse soldaat 2e klasse
soldaat 3e klasse
of marinier 3e klasse1
matroas 3e klasse soldaat 3e klasse

1) by de mariniers

Oansprektitel

De oansprektitel fan in soldaat is yn 'e measte gefallen "soldaat", mar in soldaat yn oplieding wurdt "rekrút" of "kursist" neamd. Fierders hawwe guon wapens en tsjinstfakken in eigen oansprektitel:

  • by de kavalery: "huzaar"
  • by de artillery: "kanonnier"
    • by de ridende artillery: "rider"
  • by de ynfantery: "soldaat", mar
    • by de grenadiers: "grenadier"
    • by de fuseliers: "fuselier"
  • by de kommando's: "kommando"

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-2
Soldaat  soldaat 1e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Soldaat  matroas 1e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 1e klasse, marinier)
Soldaat  soldaat 1e klasse
soldaat
Soldaat  maresjesee 3e klasse
maresjesee
Soldaat  soldaat 2e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Soldaat  matroas 2e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 2e klasse, marinier)
Soldaat  soldaat 2e klasse
soldaat
NATO rang OR-1
Soldaat  soldaat 3e klasse
soldaat
(by de artillery: kanonnier;
by de kavalery: huzaar)
Soldaat  matroas 3e klasse
matroas
(by it Korps Mariniers: marinier 3e klasse, marinier)
Soldaat  soldaat 3e klasse
soldaat
Soldaat  maresjesee 4e klasse
maresjesee

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Soldaat GradaasjesSoldaat Skematysk oersjochSoldaat OansprektitelSoldaat Yn e Nederlânske kriichsmachtSoldaat Sjoch ekSoldaatFrouFrânskJargonKorporaalKrigerKriichKultuerLienstelselMilitêre rangNederlânOarlochStamme (folk)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Bart Jan SpruytWestland Wyvern9e iuw f.Kr.Seimunds pappegaaidoTatrawrotmûsTiffany Towers (pornografysk aktrise)Zaya Cassidy19e iuwKylee StruttIerdeKleanTeksasGeslachtsmienskipRocky MountainsTwadde WrâldkriichPornoakteurKeallepoatJade JantzenEnsyklopedyEastenrykNon-profitGrover ClevelandSarah YoungRealitypornografyWelsum (Olst-Wijhe)Naughty AmericaShrima MalatiAnouk WipprechtArjen TerpstraDomtsjerke fan MantuaKya TropicAdolf HitlerFeankeninginneJulie Skyhigh2008Clara TrinityHellendoorn (gemeente)20 aprilPausPaulina Seikola12 oktoberJan Hepkes WoudaSkotlânAdina JewelDe DoelleazenMarilyn CrystalMartijn Theodoor HoutsmaHunter BryceBilly GlideMahina ZaltanaKira EggersCarles PuigdemontMaría del Carmen CarricartSûkerbôleUnbemanne fleanmasineSeksuele penetraasjeTriem (ynformatika)KrúswurdpuzelNederlânske gemeenteNasalearring1576Fryske talenMuzyksjenreAnale seksLewis CarrollAlain DeloinMarika FruscioAkkrumKatedraal fan NapelsArtefakt (archeology)🡆 More