Kofi Annan

Kofi Atta Annan (Kumasy, 8 april 1938 - 18 augustus 2018) wie in diplomaat út Gana, en wie fan 1997 oant en mei 2006 de sânde sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes.

Hy jildt as in súksesfol herfoarmer, stimulator en brêgebouwer.

Kofi Annan
Kofi Annan
Kofi Annan
Annan mei Poetin, doe presidint fan Ruslân

Annan begûn syn wurkpaad by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO), in agintskip fan de Feriene Naasjes, yn 1962. Op 1 jannewaris 1997 waard hy ynstallearre as nije sekretaris-generaal Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes. Hy folge Boutros Boutros-Ghali op, in Egyptner, en waard de earste swarte sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes.

Koarte libbensrin

  • Berne: 8 april 1938 yn Kumasi, Gana.
  • Troud de Sweedske Nane, nicht fan Raoul Wallenberg. Sy krigen trije bern.
  • Oplieding yn Gana, Genêve, Saint Paul (Minnesota) en Massachusetts (F.S.). Annan helle master titels yn ekonomy en management.
  • Fan 1962-1992 hie er by de FN yn ferskate liedende funksjes (Egypte, Etioopje, Switserlân en New York).
  • 1993: ûnder-sekretaris-generaal foar fredesoperaasjes, ferantwurdlik foar de festiging fan de FN-fredesmacht yn Bosnje.
  • 1996 Keazen as sekretaris-generaal fan de FN, opfolger fan Boutros Boutros-Ghali.
  • 1 jannewaris 1997 sette er útein as sekretaris-generaal.
  • 2001 wurdt er op 'en nij keazen.
  • 2012 waard er spesjaal ôffurdige foar de Feriene Naasjes en de Arabyske Liga foar de opstân yn Syrje tsjin presidint Bashar al-Assad.

Elder statesman

Nei't er by de FN wei wie krige Kofi Annan de status fan âlde wrâldlieder. Yn july 2007 waard er opnaam yn it selskip The Elders, dat foarme wie om âld-presidint Nelson Mandela fan Súd-Afrika hinne. Annan spile ek in grutte rol by de foarming fan de reagering fan nasjonale ienheid yn Kenia, dêr't begjin 2008 in boargeroarloch driigde te ûntstean. Hy hat fierder ferskate kearen besocht om in ein te meitsjen oan de oarloch om Darfur.

Underskiedingen

Op 13 july 2001 ûntfonger in earedoktoraat fan de Frije Universiteit Berlyn en yn oktober fan dat jier waard him de Nobelpriis foar de Frede útrikt.

Yn 2003 krige er de Sacharovpriis foar Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint en itselde jier ûntfong er in earedoktoraat fan de Universiteit Gint.

2004: Four Freedoms Award Freedom medal

Yn 2006 waard er beneamd ta Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en ûntfong er de Olof Palme-priis.

Literatuer

Tags:

Kofi Annan Koarte libbensrinKofi Annan Elder statesmanKofi Annan UnderskiedingenKofi Annan LiteratuerKofi Annan18 augustus19381997200620188 aprilFeriene NaasjesGanaKumasy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NammeCherokee d'AssNoetseleOflûken (seksualiteit)Wylde einTaalHûneftigenCarles PuigdemontKatedraal fan de Hillige Jehannes de Doper (Turyn)TechnologySinaPornhubSteatsline A4 febrewaris189512 novimberKaukasusiikhoarntsjeHamasFroulike ejakulaasjeMarrumRôze leppelbekStasjon Deventer ColmschateKommunismeShania TwainKommunistysk ManifestStormy DanielsBoliviaMelissa LaurenAbby Lee BrazilGNU/FDLDrugsEasterseeGolf fan Oman26 febrewarisKoen Eekma1933DomeinnammeRita FaltoyanoSkimmelsKristoffel KolumbusKoolhoven F.K.58Fryske Bernekrante1875Jeanne d'ArcAfrikaanske leppelbekGoatenIerdeSpoar fan Dimter nei AlmeloDútskMaya BijouMinnie BeetsList fan Fryske jongesnammenDanyel CheeksSint-PetersburchJade KushTrommeDaisy SummersGreefskip Bentheim (Landkreis)Eala Frya FresenaT-sekshâlding15 desimberultrafioletKrystal SwiftHelpEvil Angel (filmstudio)Vienna BlackOeriselGeorge I fan Grut-BrittanjeRosa CaraccioloEastenrykAda SanchezSasha Grey🡆 More