Kumasi (Ingelsk: Kumasi; eartiids ek: Coomassie en Kumase) is de op ien nei grutste stêd fan Gana.
It ynwennertal giet de lêste jierren bot omheech. Kumasi is ek de haadstêd fan de regio Asjanty en leit sa'n 250 kilometer fan Akkra, de haadstêd fan it lân. Kumasi hat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Asjanty west.
Kumasi | ||
Polityk | ||
Lân | Gana | |
Regio | Asjanty | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4 miljoen (rûsd foar 2015) | |
Oerflak | 254 km² | |
Befolkingsticht. | 16.000 / km² | |
Stêdekloft | 7 miljoen (299 km²) | |
Hichte | 250 m | |
Oar | ||
Stifting | 1680 | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Kumasi |
Kumasi is in wichtich sintrum foar de pleatslike kakaotylt en de kap en it ferwurkjen fan hurdhout út de omkriten. Yn de regio wurdt goud wûn en de stêd hat ien universiteit, de Kwame Nkrumah University of Science and Technology of Ghana. Troch de goudminen is de stêd ien fan de woltierichste stêden yn Gana.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kumasi fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Kumasi, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.