Regio Koeban

De Koeban (Russysk: Кубань, Kuban, sekuerdere transliteraasje: Kubaň; Sirkassysk: Пшызэ, Pṡyze) is in geografyske regio yn súdlik Jeropeesk Ruslân, dy't ferneamd is nei de rivier de Koeban.

Yn 'e ingere sin beslacht de Koeban-regio allinnich it ôfwetteringsgebiet fan 'e rivier, mei dêrûnder it territoarium Krasnodar, de autonome republiken Adygeä en Karatsjai-Tsjerkesje en dielen fan it territoarium Stavropol. Yn bredere sin (sa't it almeast bûten Ruslân brûkt wurdt), beflapt men ûnder de beneaming "de Koeban" lykwols it hiele diel fan Súd-Ruslân dat útstekt tusken de Swarte See en de Kaspyske See.

Geografy

De Koeban yn bredere sin wurdt begrinzge troch:

Dêrmei beslacht de Koeban dan:

  • Regio Koeban  it territoarium Stavropol
  • Regio Koeban  it territoarium Krasnodar
  • Regio Koeban  de autonome republyk Adygeä
  • Regio Koeban  de autonome republyk Karatsjai-Tsjerkesje
  • Regio Koeban  de autonome republyk Kabardo-Balkaarje
  • Regio Koeban  de autonome republyk Noard-Osseesje
  • Regio Koeban  de autonome republyk Tsjetsjeenje
  • Regio Koeban  de autonome republyk Yngûsjeesje
  • Regio Koeban  de autonome republyk Dagestan
  • Regio Koeban  de autonome republyk Kalmukje
  • Regio Koeban  it súdeasten fan 'e provinsje Rostov

Skiednis

Oarspronklik waard de westlike Koeban befolke troch de Sirkassiërs (ek wol Tsjerkessen of Adygeeërs neamd), wylst it easten bewenne waard troch folken as de Nogai, Koemukken en Kalmukken. Fanôf de Russysk-Turkske Oarloch fan 1868-1774 begûnen de earste etnyske Russen har yn it gebiet nei wenjen te setten. Tusken 1792 en 1794 waarden grutte oantallen (etnysk Russyske) Donkozakken en (etnysk Oekraynske) Swarte-Seekozakken nei de Koeban ta stjoerd, wat feitliks delkaam op in kolonisaasje fan it gebiet.

Nei't yn 1864 einlings en te'n lêsten de Sirkassiërs ferslein wiene en der fiergeande etnyske suverings yn it gebiet trochfierd wiene, folge in nije weach fan etnysk Russyske kolonisten. De etnyske Oekraïners, dy't yn guon dielen fan it gebiet tsjin 1900 mear as 95% fan 'e befolking útmakken, waarden yn 'e tweintichste iuw mei grou geweld twongen om te russifisearjen, sadat fan 'e mear as oardel miljoen Oekraïners dy't om 1925 hinne yn 'e Koeban wennen, der tsjintwurdich noch mar sa'n 66.000 oer binne dy't har eigen kulturele identiteit beholden hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.

Tags:

AdygeäGeografyJeropeesk RuslânKaspyske SeeKrasnodar (territoarium)RussyskStavropol (territoarium)Swarte See

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KunnilingusEkonomyEuroTripDanyel CheeksISBNRosa CaraccioloErflikheidslearJade KushAmerican Music AwardBo SinnTiffany Towers (pornografysk aktrise)Beierske wrotmûsMoriah MillsEdsger Wybe DijkstraFryske talen2011Augustus OktavianusRottekopJulie SkyhighJenny PoussinMasturbaasjeAdolf HitlerSeksferslavingDuëtMegan SalinasJada StevensEvelyn LinEnsyklopedySporthalHeinrich HimmlerTsjaadFriezenSarah YoungBlues1968Jenna Brooks873 f.Kr.Mickey MouseJohnny SinsUleboerdDaisy SummersSuze Boschma-BerkhoutGrut-BrittanjeWikipedyWeblochCriss StrokesAlbum (muzyk)1557Hunter BryceFen Fryske GrounList fan Frysktalige tydskriftenWylpreagerfûgelsISO 3166-1Anton DalhuysenTopless1933Havana GingerWesterske wrâldNasjonaal Park YellowstonePresidint fan de Feriene SteatenMolekulêre biologySpanjeVictoria GivensKya TropicKommunismeWytsingenEjakulaasje🡆 More