Joke Folmer

Johanna Maria (Joke) Folmer (Hoofddorp, 9 july 1923 - Skiermûntseach, 11 desimber 2022) wie in Nederlânsk koerierster yn de Twadde Wrâldkriich.

Joke Folmer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Maria Folmer
nasjonaliteit Joke Folmer Nederlânsk
berne 9 july 1923
berteplak Hoofddorp
stoarn 11 desimber 2022
stjerplak Skiermûntseach
wurkpaad
reden
  bekendheid
Koerierster yn de twadde wrâldkriich
Joke Folmer
Fersets-
betingskingskrús

Kriichsjierren

Koart nei har berte gie Folmer mei mei har âlden nei Nederlânsk-Ynje. Dêr bleau se oant har sechstjinde. Yn de tiid fan de Dútske oanfal op Nederlân yn 1940 wie sy santjin jier en siet op it lyseum yn Seist. Fia it besoargjen fan húswurk by in Joadsk freondintsje kaam sy yn kontakt mei it ferset en waard koerierster foar de groep Fiat Libertas. Sy smokkele mear as trijehûndert minsken oer de grins, ûnder wa 120 alliearde piloaten. Yn septimber 1943 waard de groep ferret en stadichoan oprôle. Joke Folmer waard ta de dea feroardiele en opsletten yn ûnder oare it Oranjehotel, de finzenis yn Utert en kamp Vught. Har eksekúsje waard behindere troch de ûntromming fan kamp Vught op Mâle Tiisdei. Sy gie as Nacht-und-Nebelfinzene nei in rige fan Dútske finzenissen, ûnder oare dy yn Waldheim. Trochdat se faak op transport wie hawwe har deafonnispapieren har nea ynhelle. De finzenen út Waldheim waarden op 6 maaie 1945 troch de Russen befrijd. Har weromreis nei Nederlân wurdt beskreaun yn it boek "The Walls Came Tumbling Down" fan Jet Roosenburg, dy't ek yn Waldheim bedarre wie.

Nei de kriich organisearre se tegearre mei Nel Lind reünies wêrby't Britske en Kanadeeske loftmachtfeteranen nochris de flechtrûtes ôfleinen fan Nederlân nei de Switserske of Spaanske grinzen.

Joke Folmer ferstoar op 11 desimber 2022, yn 'e aldens fan 99 jier op Skiermûntseach.

Underskiedingen

Joke Folmer 
Medal of Freedom met gouden palm

Sy krige ûnder oare de folgjende ûnderskiedings foar har fersetswurk:

  • De Amerikaanske Medal of Freedom mei gouden palm (1946),
  • De Britske George Medal (1947),
  • Yn 1951 krige hja de Brûnzen Liuw foar har fersetswurk,
  • It Fersetsbetinkingskrús.

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Tags:

Joke Folmer KriichsjierrenJoke Folmer UnderskiedingenJoke Folmer Keppelingen om utensJoke Folmer11 desimber192320229 julyKoeriersterNederlânSkiermûntseachTwadde Wrâldkriich

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mirka Antolović-TipurićHavana GingerJ.R. Carrington6 novimberSuffolk1933Lewis CarrollSarah YoungJulianna VegaRopletters22 julyVienna BlackLiza ShayNational Basketball Association26 febrewarisDomtsjerke fan MantuaHûntsjeshâldingSûpengrottenbrijTriem (ynformatika)HantsjemierMoslimVictoria GivensSkotlânMilitêr transportfleantúchBluesAngelica Bella2008Orale seksKatedraal fan NapelsISO 3166-1Saya SongCharles III fan it Feriene KeninkrykMickey MouseKatedraal fan CataniaBaronJenny PoussinMoskouLetskPornoakteurMaría del Carmen CarricartAle S. van ZandbergenGrinslânPappegaaidowenInterstellar (film)Katedraal fan Padûa1901Maya BijouAldfryskDomeinnammeRôze leppelbekEl NiñoKristoffel KolumbusBoylPilekaaneftigenWylpreagerfûgelsNoetseleOezbekistanGonny GaakeerFingerjenProstitueeKânselier1932LeppelbekRaffarinadeMiljardêrDomtsjerke fan SienaGrypskerkNasjonaal Park Yellowstone🡆 More