Hjerre Gjerrits van der Veen (Grou 15 july 1816 - Moarrewâld, 13 septimber 1887) wie in ûnderwizer en Frysk skriuwer.
Master Hjerre, sa't er him sels faak neamde, soe ta minniste dûmny leare, mar dat gie oer. Hy waard ynearten kwekeling en letter ûnderwizer oan 'e Grouster skoalle. Yn Grou begûn er al mei de skriuwerij. Yn 1842 giet er nei Dunegea, mar dêr wie it him net nei't sin. Nei fiif jier slagget er nei Driesum (1847-1882) dêr't er haad fan de skoalle waard en dêr't er neffens eigen sizzen: "scoallemaster, foarlaezer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeyer, tsjerkhofskoffeler, strjitwjoelder, insfh. is, en foarsjonger te Walterswâld" wie.
Van der Veen soe in grimmitige, opstannige, persoan west hawwe. Hy wie in modernistysk-liberaal polemysk sjoernalist, in fûl bestrider fan tsjerke en sosjale misstannen. Op 25 maaie 1854 boaske er te Dantumadiel oan Aagje Jacobs Fokkema (15-09-1822 oant 17-11-1896).
As ûnderwizer wie er strider foar de Iepenbiere Skoalle en hat er in stikmannich rymkes, ferskes en in lêsboekje foar de bern skreaun. Oar wurk is it bekende liet: "It Sweltsje". Oer fan alles hat er syn ljocht skine litten.
Van der Veen syn wurk wie fergetten, mar Anne Wadman komt de eare ta fan it opnij ûntdekken fan 'De Kaartlizzer'. Faaks hat it wurk dêrnei earst wurdearring krige, earder hat it boekje nea folle omtinken smakke.Yn 1994 ferskynde de tredde printinge fan De Kaartlizzer yn de rige Fryske Klassiken.
Yn de Friesche Courant:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Hjerre Gjerrits van der Veen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.