Filmfestival Fan New Orleans

It Filmfestival fan New Orleans (Ingelsk: New Orleans Film Festival), soms ôfkoarte ta NOFF, is in filmfestival dat elts jier mids oktober holden wurdt yn 'e stêd New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana.

It evenemint wurdt wol "Cannes oan 'e Mississippy" neamd, ferwizend nei it toanoanjaande Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn súdlik Frankryk.

Filmfestival fan New Orleans
New Orleans Film Festival
Filmfestival Fan New Orleans
plak en tiid
lân Filmfestival Fan New Orleans Feriene Steaten
steat Filmfestival Fan New Orleans Louisiana
parish Filmfestival Fan New Orleans Orleans Parish
plak Filmfestival Fan New Orleans New Orleans
tiid fan it jier mids oktober
bysûnderheden
ôfkoarting NOFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1989 – no
org. troch New Orleans Film Society
offisjele webside
www.neworleansfilmfestival.org

Skiednis

It Filmfestival fan New Orleans waard foar it earst holden yn 1989. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e New Orleans Film Society, in filmgenoatskip dat datselde jiers oprjochte waard. Sûnt wurdt it evenemint elts jier holden om 'e midden fan 'e moanne oktober hinne. Yn syn skiednis is it Filmfestival fan New Orleans mar ien kear net trochgien; dat wie yn 2005, doe't New Orleans troffen en fierhinne ûnder wetter set wie troch de orkaan Katrina. Fierders is it altyd holden, sels yn 2020, yn 'e midden fan 'e koroanafiruspandemy, doe't it fierhinne in digitaal barren wie. Tsjin 2018 wie it Filmfestival fan New Orleans útgroeid ta in ynternasjonaal respektearre evenemint mei fertoanings fan likernôch 240 films, dêr't elts jier mear as 400 filmmakkers op ôf kamen en in publyk fan 20.000 oant 25.000 minsken.

Prizen

  • priis foar de bêste lange film
  • priis foar de bêste lange dokumintêre
  • priis foar de bêste lange film út Louisiana
  • publykspriis foar de bêste ferheljende lange film
  • publykspriis foar de bêste lange film út Louisiana

Der is ek in senarioskriuwerswedstryd op it Filmfestival fan New Orleans, dy't bestiet út trije kategoryen: koarte film, episoadyske film en lange film. Winners út alle trije kategoryen en de bêste dielnimmers út Louisiana út alle trije kategoryen ûntfange in jildpriis.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Filmfestival Fan New Orleans SkiednisFilmfestival Fan New Orleans PrizenFilmfestival Fan New Orleans Keppelings om utensFilmfestival Fan New OrleansAmerikaanske steatenEvenemintFeriene SteatenFilmfestivalFrankrykIngelskLouisianaMississippy (rivier)New OrleansOktoberStêdYnternasjonaal Filmfestival fan CannesÔfkoarte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Klasina Seinstra8Petrustsjerke (Lichtaard)Ynternasjonaal Systeem fan IenhedenWetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020Wrâldkampioenskip fuotbal 195019561810Karibyske See19 augustusFal fan Konstantinopel (1453)Aaliyah HadidJaylene RioSmithsonian YnstitútVina SkySwahily (taal)AnargismeSubway (restaurant)SydneyMohammedBuenos AiresMegyn KellyJulianna VegaJasmine AlohaKrusiging fan JezusBenito MussoliniHongarijeManchester City FCFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)Jelle DamEuroPontius PilatusLos AngelesHimelfearttsjerke (Josjkar-Ola)Roeien op de Olympyske Simmerspullen 1992Roeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Carson City (Nevada)Frânsk34Minsklike seksuele aktiviteitKaiserslauternWolfgang Amadeus MozartIslamSean LawlessOsmaanske RykNoard-KoreäOklahoma CityPetsjerkski Himelfeart-kleasterArmeenjeProvinciale Friesche CourantKunnilingusMichail BûlgakovHaadtsjerke fan de Russyske StriidkrêftenAutodykAutoKomôfFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichCityJet1557Amerikaanske BoargeroarlochIt Hearrenfean (gemeente)Beverly Hills1707MontevideoLudwig van BeethovenIranPersia MonirWarsjaupaktAdolf HitlerMoskeeStrânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2020TaiwanAmerikaanske Leger🡆 More