Kategorisaasje

Kategorisaasje (fan it Frânske catégorisation) of kategorisearring is in aktiviteit dy't bestiet út it pleatsen fan dingen (foarwerpen, ideeën, bisten, minsken) nei lyksoartichheid yn byinoar hearrende groepen, dy't kategoryen neamd wurde.

Dêrtroch kinne minsken dingen, foarwerpen, ideeën, ensfh., dêr't se mei te krijen hawwe of dy't om har hinne besteane, organisearje. Sa'n organisearring troch yndieling yn byinoar hearrende groepen helpt by it ferienfâldigjen fan 'e wrâld, wat ta in better begryp liedt. Kategorisearjen kin in ferbale of non-ferbale aktiviteit wêze.

Behalven minsken dogge ek bisten soks op in ferienfâldige, ûnbewust nivo. As der by jin bgl. in frjemd yn 'e hûs komt, sil jins hûn of kat dy persoan yn 'e rekken hâlde oant dúdlik is yn hokfoar kategory hy of sy pleatst wurde kin. As der immen ynkomt, dy't gauris by jin delkomt, sille hûn en kat eefkes opsjen, mar har daliks wer deljaan.

Minsken kinne sawol konkrete objekten en wêzens as abstrakte ideeën werkenne, faninoar ûnderskiede en begripe troch it proses fan kategorisaasje. De grûnslach fan kategorisaasje is dat dingen dy't ta in beskate _kategory hearre, ûnderskaat wurde fan dingen dy't dêr net ta hearre troch harren skaaimerken. Kategorisaasje is wichtich foar learen, foarsizzing fan wat der barre sil, it nimmen fan besluten, it begryp fan taal en de ynteraksje fan libbene wêzens mei harren om-en-by.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

BistenFrânskMinske

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PakistanWurdlidTelegram (applikaasje)1960JoegoslaavjeMia LiMerknamme1925Seksuele opwiningDieren24 desimberSarajevo2022ÛndersoarteFrysk folkslietHelp9 maartRocco SiffrediArûba1927TurkijeSybren fan RoptaPeaske-eilânSimone WestKagney Linn KarterHolon (plak)Feriene Arabyske EmiratenHongarije30 novimberSûmbapappegaaidoShae Summers20052021MassachusettsVideo Art HollandNoelle EastonKascha PapillonWebsideMoleSarah Young20e iuwYnternetCowgirlhâlding1939SoarteBoston1978Mozilla FirefoxLongûntstekkingOrale seks2018SokratesFrysktalige WikipedyGedachtestreekjeJeropa1954PrêrjewolfKosmetikaKeninkryk Grut-Brittanje2010-er jierrenJeraazjeArabyskTiranaSalma HayekISO 316619 april2019Africa SexxEvelyn LinJaylene Rio🡆 More