Carmella Bing, echte namme: Sarah Marie Fabbriciano (Salem (Oregon), 21 oktober 1981) is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornoaktrise en prostituee fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk-Italjaansk-Hawaïaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Carmella en Mellons.
Carmella Bing | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Carmella, Mellons | |
echte namme | Sarah Marie Fabbriciano | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 oktober 1981 | |
berteplak | Salem (Oregon) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Italjaansk Hawaïaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, prostituee | |
jierren aktyf | 2006 – 2008 & 2011 – 2015 | |
offisjele webside | ||
www.fantasygirlcarmella.com |
Neffens de Internet Movie Database (IMDB) is Bing berne yn Salem, de haadstêd fan 'e steat Oregon, al hat se sels yn in fraachpetear ris oanjûn dat se út Portland yn Oregon komt. Yn elts gefal wie har mem noch mar fyftjin jier doe't hja Bing krige, en liet har heit harren beiden koart nei de befalling yn 'e steek. Se waard troch har mem allinne grutbrocht.
Yn 2002, doe't se 21 jier wie, ferfear Bing nei Las Vegas, yn Nevada, dêr't se noch altiten wennet. Hja sette dêr daliks útein mei te wurkjen as model foar neakenblêden, stripper op frijfeintefeestjes en letter ek as callgirl. Hja hie doedestiden frijwat swierrichheden om op in stabyl gewicht te bliuwen, en weage yn 2004 sels in hoartsje 108½ kg. Yn novimber 2005 wurke se yn har hoedanichheid fan stripper mei oan 'e ôflevering Alpha Dames fan 'e dokumintêrerige Sexual Secrets, fan it Discovery Channel, wêryn't se oanjoech dat se tenei wol yn pornografyske films spylje woe. Pornoaktrise Davia Ardell, mei wa't se noch altyd goed befreone is, brocht har dêrop yn 'e kunde mei in agint út 'e pornoyndustry. Koarte tiid letter makke Bing, yn 2006, doe't se 25 jier wie, har debút yn in pornofilm.
Bing stiet bekend om wielderige figuer fan 1.78 m en 61 kg, en om har grutte boarsten. Dy wiene fan natuere al net lyts, mar yn 2006 ûndergie se in boarstfergruttingsoperaasje, dy't har kupmaat oanwaakse liet ta 34DDD. Fanwegen rêchproblemen, as 't treft, liet se har boarsten twa jier letter, yn 2008, lykwols wer ferlytsje, en sûnt hat se kupmaat 34D. Yn 2008 stoppe Bing ek mei har pornokarriêre, wat geroften de wrâld yn holp as soe hja ien fan 'e aktrises wêze dy't by de doetiidske útbraak fan HIV-besmettings yn 'e Amerikaanske pornoyndustry mei it firus oanhelle rekke wie. Nei't letter bliken die, wurke hja yn 2008 en 2009 wer as callgirl, en yn 'e simmer fan 2010 sette hja foto's fan harsels op har MySpace-side dêr't dúdlik op te sjen wie dat se swier wie, en dêrby joech se oan hoe lulk oft se wol net wie oer de rabberij. Begjin 2011 makke se in comeback yn 'e pornoyndustry, earst noch mei in oansjenlike postnatale gewichtstaname, mar sûnt hat se har âlde gewicht wer weromwûn.
Bing hat neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear 163 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Evil Angel, Elegant Angel, Zero Tolerance, Digital Playground, Pure Play Media en Diabolic Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as BangBros en Brazzers. Yn 2008 wûn hja in UK Adult Film and Television Award, de wichtichtste Britske pornografypriis, yn 'e kategory bêste oerseeske aktrise, en yn 2011 sleepte hja in nominaasje foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht.
Moarns ier op 5 desimber 2012 waard Carmella Bing arrestearre troch de plysje fan Irvine, in stêd ûnder de reek fan Los Angeles, foar it besit fan drugsrelatearre gerei. Neffens de ferslaggen yn 'e media wie hja passazjier yn in stellen Mercedes dy't troch de plysje efterfolge waard, en wêryn't ek in man (de bestjoerder) en in oare frou sieten. De auto waard úteinlik efterlitten fûn, en doe't de plysje it om-en-by ôfsocht, waard Bing ûntdutsen wylst se har beskûl hold yn in eftertún.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2008 | UK Adult Film and Television Award | wûn | bêste oerseeske artyste | n.f.t. |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Belladonna, Penny Flame, Rebecca Linares, Savanna Sampson, Tom Byron, Nick Manning, Steven St. Croix en Evan Stone) | The Devil in Miss Jones: The Resurrection |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Carmella Bing, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.