Frankryk Brest

Brest is in stêd yn Bretanje, yn it noardwesten fan Frankryk yn it departemint Finistère (29).

De stêd leit net fier ôf fan de westlike punt fan it skiereilân Bretanje. Troch syn beskutte plak oan de Bocht fan Brest (Frânsk: Rade de Brest), in djippe ynholte fan de Atlantyske Oseaan, as wol de lizzing oan de útmûning fan de rivier Penfeld, hat Brest fanâlds in wichtige (marine)haven west. Ek no noch is Brest in steunpunt fan de Frânske Atlantyske float en in wichtige hannelsplak.

Brest
Frankryk Brest
Flagge Wapen
Frankryk Brest Frankryk Brest
Polityk
Lân Frankryk Brest Frankryk
Regio Frankryk Brest Bretanje
Departemint Frankryk Brest Finistère
Sifers
Ynwennertal 139.676↓ (2012)
Oerflak 49,5km² (mei wetter)
Befolkingstichtens 2.821 / km²
Stêdekloft 314.239 (2011)
Hichte 0–103 m
Oar
Stifting ?
Webside www.brest.fr/

De stêd hat in universiteit, de Université de Bretagne Occidentale en oare hegeskoallen en ûndersyksynstituten.

Ut de skiednis

It plak dêr't Brest no leit is al iuwenlang in wichtich strategysk punt. De Romeinen hiene dêr yn de 3e iuw al in festing, dy't Gesocribate neamd waard. Yn de 5e iuw kamen Britske stammen it lân yn, in feit dêr't de regio syn namme oan te tankjen hat. Letter waard dêr in kastiel boud tsjin de oanfallen fan de Noarmannen. Bretanje, dat ek Brest, kaam yn de 12e iuw ûnder it bewâld fan de Ingelsken, mar yn 1202 wer ûnder Frânske hearen.

Yn 1631 makke kardinaal Richelieu Brest ta marinehaven en liet dêr in marinearsenaal bouwe. De marinehaven waard letter fersterke troch Vauban (1633-1707).

Yn de Earste Wrâldkriich (1917/18) wie Brest in wichtige oanfierhaven foar de Amerikaanske ekspedysjetroepen yn Jeropa. De haven waard stiloan útwreide yn de tweintiger jierren. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Brest in thúshaven fan in grutte Dútske float ûnderseeboaten. Sa kaam it dat de stêd oan de ein fan 'e oarloch folslein yn pún lei, mar hy waard rillegau wer opboud.

Omloop fan Frankryk

Brest hat trijeris it startplak foar de Omloop fan Frankryk west. Yn dy fan 1952 mei in etappe nei Rennes, yn 1974 mei in prolooch en yn 2008 mei in etappe nei Plumelec.

Topografy

Boargemasters

  • 1959-1973 : Georges Lombard
  • 1973-1977 : Eugène Berest
  • 1977-1982 : Francis Le Blé
  • 1982-1983 : Pierre Maille
  • 1983-1985 : Jacques Berthelot
  • 1985-1989 : Georges Kerbrat
  • 1989-2001 : Pierre Maille
  • 2001- no: François Cuillandre

Berne yn Brest


Frankryk Brest 
Utsjoch op de haven fan Brest

Keppeling om utens

Frankryk Brest 
Commons
Op Wiki Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Brest, France

Tags:

Frankryk Brest Ut de skiednisFrankryk Brest Omloop fan FrankrykFrankryk Brest TopografyFrankryk Brest BoargemastersFrankryk Brest Berne yn BrestFrankryk Brest Keppeling om utensFrankryk BrestAtlantyske OseaanBretanje (regio)Departeminten fan FrankrykFinistèreFrankrykFrânskPenfeldSkiereilân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Evelyn LinBasketbalSeksboartersguodBruce VentureFrysk Ynternasjonaal Kontakt2012Jan Hepkes WoudaDuëtBeagle (skip)1980Heather LeeAdina JewelCherokee d'AssOseanografyWytsingenAteneJade JantzenFebrewarisTyneMoanne (tiid)LimoerhalskankerGemeenten fan NederlânHellendoorn (gemeente)MuzykShalina DevineJaylene RioHylpenRosa CaraccioloDútskRock 'n rollKatedraal fan NotoDomtsjerke fan SienaTatrawrotmûsJeropaOrgasmeHjerringslynderHarmony WonderKleurShae SummersLuna SilverKatedraal fan UdineHollânMaksiminus TraksFellatioLesoto1790Salomonseilannen2004Keiran LeePavel DoerovISO 3166Heinrich HimmlerFilmOrale seksMay ThaiHavana GingerWebsteeSûkerbôleMoriah MillsWilliam ShakespeareEarmoedePhoenix (Arizona)UleboerdFen Fryske GrounBiskopSilyKatedraal fan OtrantoDomtsjerke fan OrvietoNederlânske gemeenteFerstoarTurkskLiteratuerHelpRae Lil Black🡆 More