Blaxploitation

Blaxploitation is in etnysk subsjenre fan 'e eksploitaasjefilm dy't yn 'e Feriene Steaten yn 'e iere 1970-er jierren ûntstie.

It wurd is in gearlûking fan black ("swart" yn 'e sin fan negroïde) en exploitation ("eksploitaasje"). It is in ôfkarrende term dy't yn augustus 1972 betocht waard troch Junius Griffin, de doetiidske foarsitter fan 'e ôfdieling Beverly Hills-Hollywood fan 'e Amerikaanske minskerjochte-organisaasje NAACP. Hy neamde dizze films sa om't er fûn dat it sjenre foar de swarte mienskip yn 'e Feriene Steaten oer "de iene mislediging op 'e oare steapele" troch swarten oanhâldend te presintearjen as stereotype personaazjes dy't har mei kriminele aktiviteiten dwaande holden.

Yn blaxploitationfilms kamen lykwols ek guon fan 'e earste swarte personaazjes út 'e Amerikaanske filmskiednis foar dy't as held en haadpersoan tsjinnen, ynstee fan as helpke, smjunt of slachtoffer fan misdie, sa't se yn eardere films ornaris ferskynden. It ûntstean fan it blaxploitationsjenre foel gear mei in lanlik op 'e nij besjen fan 'e rasserelaasjes yn 'e Feriene Steaten.

De ierste blaxploitationfilms wiene neffens it Amerikaanske tydskrift Variety it ûnôfhinklike Sweet Sweetback's Baadassss Song en it minder radikale, troch de fêstige filmyndustry fan Hollywood finansierde Shaft, beide út 1971. Oarspronklik wiene sokke films rjochte op in publyk fan stedske Afro-Amerikanen, mar al rillegau waard besocht it sjenre ek oantreklik te meitsjen foar lju fan oare etnyske groepen, mei't Hollywood besefte dat der mear winst te meitsjen foel as dat dien waard. Blaxploitationfilms wiene fierders de earste films dy't in protte of allinne mar funk- en soulmuzyk yn har soundtracks brûkten.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

Tags:

1970-er jierren1972AugustusBeverly HillsEksploitaasjefilmEtnyskFeriene SteatenFoarsitterHollywoodKriminaliteitMienskip (maatskippij)MinskerjochteNAACPNegroïdeOrganisaasjePersonaazjeSubsjenreWurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sean LawlessBoedismeMûs (kompjûter)Pet (holdeksel)OezbekistanHeather LeeAle S. van ZandbergenJaylene RioWikipedyDomeinnammeMuzykKarma RosenbergLetlânAcademy of Country Music AwardHarmony WonderNon-profitJ.R. Carrington2012Nasjonale feestdeiKatedraal fan CaltagironeEuroTripAfrikaanske pappegaaidoJasmine BlackAlain DeloinBetlehimZaya CassidyGrypskerkGielsnaffelleppelbekKatedraal fan UdineEvelyn LinMuzyksjenreSeksboartersguodKomykOrale seksFen Fryske GrounAustraalje (lân)Billy GlideKoördinearre WrâldtiidVanda VitusEastlike greidwrotmûsGielJureka del MarIrakLytse leppelbekMickey MouseList fan Frysktalige tydskriftenFryske Frijheid22 julyKatedraal fan Piazza ArmerinaHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiSlavyske talenDaisy SummersNasjonaal Park YellowstoneHelpPilekaaneftigen2011PearsDreves UitterdijkGemeenten fan NederlânSasha Beart17 oktoberJade MarcelaDelotta BrownNaughty AmericaCarmen HayesSkrikkeljier fan tongersdei ôfAdina JewelUnbemanne fleanmasinePaulina Seikola🡆 More