Alkmar

Alkmar (Nederlânsk en offisjeel: Alkmaar, Westfrysk: Alkmare) is in stêd en gemeente yn de regio West-Fryslân (foar in part) yn de provinsje Noard-Hollân.

Gemeente Alkmar
Flagge fan de gemeente Alkmar        Wapen fan de gemeente Alkmar
(Flagge fan Alkmar) (Wapen fan Alkmar)
Lokaasje fan de gemeente Alkmar
Provinsje Noard-Hollân
Boargemaster Piet Bruinooge
Haadplak Alkmaar
Oerflak
- wetter
117,83 km²
-  1 km²
Ynwenners 108.578
Ferkearsieren A9 en N9
Netnûmer 072
Postkoades 1800 - 1827
Offisjeel webstee www.alkmaar.nl

Alkmar krige yn 1254 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De gemeente bestie oant ein 2014 út de stêd Alkmar, Alddoarp (sûnt oktober 1972) en in part fan Kodyk. Sûnt 2015 omfiemet de gemeente Alkmar it gebiet fan de eardere gemeenten Skermer en Graft-De Ryp. De gemeente Alkmar hie op 1 jannewaris 2019 108.578 ynwenners op in grûngebiet fan 110,68 km² (sûnder wetter), dat in befolkingstichtens jout fan goed 968 inw./km². It is neffens ynwennertal de fyfde gemeente fan Noard-Hollân, nei Amsterdam, Haarlim, Haarlimmermar en Saanstêd. De gemeente leit yn de gearwurkingsregio Kennemerlân en in part yn West-Fryslân. De stêdekloft fan Alkmar telt wol sa'n 318.327 ynwenners. De stêd is ferneamd om syn tsiismerk.

Alkmar
It Waachgebou yn Alkmar
Alkmar
Kaart fan Alkmar út 1603

Namme

De namme Alkmar waard yn ferskate foarmen brûkt sûnt de Midsiuwen: Allecmere (tsiende iuw), Alcmere (1063), Alcmare (alfde en tolfde iuw) en Alkmare (1132). It lêste part mar (eartiids mere) betsjut nei alle gedachten "mar", "fiver" of "sompe", wylst it earste part alk of alc soks as "timpel" of "sompe" betsjut.

Skiednis

Doe't greve Durk VII fan Hollân yn Seelân oan it striden wie, foel syn broer Willem yn novimber 1195 West-Fryslân yn. Grevinne Aleid fan Kleef kaam him lykwols temjitte enfersloech him by Alkmar.

Op 11 juny 1254 krige Alkmar stedsrjochten fan greve Willem II fan Hollân. De stêd tsjinne ynearsten as in grinsboarch en útfalsbasis yn de striid tsjin de Westfriezen.

Yn 1328 wie der in grutte stedsbrân yn Alkmar. Yn 1429 moat it Bloedmirakel yn Alkmar plakfûn hawwe, dêr't op bjusterbaarlike manier bloedflekken op in stik tekstyl ferskinen. Yn 1492 fûn de Opstân fan it Tsiis- en Breafolk plak yn de stêd en omkriten.

Yn de simmer fan 1517 waarden de stêd en omkriten rekke troch oanfallen fan legers fan Grutte Pier dy't tsjin de Swarte Heap oan it fjochtsjen wiene. Yn juny 1572 waarden Alkmarske fransiskaanske preesters en bruorren troch kalvinistyske Geuzen ûnder lieding fan Diderik Sonoy oppakt en yn Inkhûzen op 25 juny 1572, om't hja harren katolike leauwe net fersaakje woene, op grouwélige manier martele en dêrnei fermoarde waarden. Dy fermoarde geastliken steane hjoed-de-dei bekend as de martlers fan Alkmar.

Yn 1573 waard Alkmar troch de Spanjerts belegere, dy't yn Alddoarp harren kamp opslein hiene. De Alkmarders koene harren lykwols mei seane tarre en baarnende takkebosken warje. Dat foarfal waard bekend as de Untset fan Alkmar en late ta de ferneamde útdrukking: Bij Alkmaar begint de victorie (By Alkmar begjint de oerwinning), dat noch hieltyd elts jier op 8 oktober fierd wurdt. Yn de Frânske tiid waard Noard-Hollân omfoarme ta it Departemint fan Teksel, dêr't Alkmar de haadstêd fan waard. Yn 1799 waard de Alkmaarsche Courant (Alkmarske krante) troch Adrianus Sterck oprjochte. De krante is hjoed-de-dei part fan it Noordhollands Dagblad en is teffens de grutste edysje fan dy krante.

It Noardhollânsk Kanaal, dat yn 1824 iepene waard, rûn by it oanlizzen alhiel om Alkmar hinne. Troch it waaksen fan Alkmar rint it der hjoed-de-dei dwers trochhinne. Yn 1865 en 1867 waarden spoarwegen oanlein dy't nei De Helder en Utgeast - Haarlim rûnen. Yn de tweintichste iuw waarden nije wenwiken om Alkmar hinne boud en yn 1972 waarden Alddoarp, Kodyk-Súd en it part besuden de spoarline Alkmar - Hearhugowaard fan Sint-Pankras-Súd oan it grûngebiet fan Alkmar taheake. De stêd begûn ek it befolkingsoerskot fan de Rânestêd op te fangen. Alkmar krige dêrfoar de status as groeikearn en waard doetiids as ien fan de earste oerrinstêden oanmurken. In gefolch dêrfan is it ûntwikkeljen fan it stedsdiel Huiswaard. Tsjintwurdich is Alkmar neffens ynwenners de tredgrutte stêd fan Noard-Hollân.

Wiken, doarpen en útbuorren

Alkmar 
Topografyske kaart fan de gemeente Alkmar
Alkmar 
Hôf fan Sonoy
Alkmar 
Accijnstoren oan de Bierkade
Alkmar 
De Waach mei it Tsiismuseum
Alkmar 
Tsiismerk yn Alkmar
Alkmar 
De Grutte of Sint-Laurenstsjerke
Alkmar 
De Bierkade

Stêd Alkmar

De stêd Alkmar bestiet út de folgjende wiken:

  • Sintrum
  • Daalmeer/Koedijk
  • De Mare
  • Huiswaard/Vroonermeer
  • West
  • Overdie
  • Súd
  • Alddoarp

De gemeente Alkmaar bestiet út de folgjende doarpen (tusken heakjes is de eardere gemeente dêr't se by hearden):

  • Driehuizen (Skermer)
  • Graft (Graft-De Ryp)
  • Grootschermer (Skermer)
  • Kodyk (foar in part)
  • Markenbinnen (Graft-De Ryp)
  • Noordeinde (Graft-De Ryp)
  • Oost-Graftdijk (Graft-De Ryp)
  • Oterleek (Skermer)
  • Alddoarp
  • De Ryp (Graft-De Ryp)
  • Schermerhorn (Skermer)
  • Starnmeer (Graft-De Ryp)
  • Stompetoren (Skermer)
  • Ursem (Polder O) (Skermer)
  • West-Graftdijk (Graft-De Ryp)
  • Súdskermer (Skermer)

Utbuorrens yn de gemeente Alkmaar (tusken heakjes it plak dêr't se by hearre):

  • Bergermeer (Alkmar)
  • Kogerpolder (foar in part) (Starnmeer)
  • Omval (Alkmar/Stompetoren
  • Nieuwpoort (Alkmar)
  • (De) Nollen (Alkmar)
  • De Weijdt (Kodyk)

Ferfier

De A9 rint fan Amsterdam oer Haarlim nei Alkmar, dêr't it fjirder as de N9 nei De Helder ta rint.

Der binne streekrjochte spoarferbinings mei De Helder, Hoarn, Amsterdam en Haarlim. Alkmar hat twa stasjons:

It Noardhollânsk Kanaal rint troch Alkmar.

It besjen wurdich

Alkmar hat in soad midsiuwskegebouwen dy't noch hieltyd besteane. It bekendste dêrfan is de grutte toer fan de Sint-Laurenstsjerke. In oar wichtige attraksje, benammen yn de simmer, is de tsiismerk fan Alkmar op it Waachplein, dat ien fan de polpulêrste attraksjes yn Nederlân is. De tsiismerk fynt plak op ornaris eltse freed en begjint op de earste freed fan april en einiget op de lêste freed yn septimber. Op de âlderwetske manier, mei it hantsjeklappen wurdt it tsiis ferhannele en hannelers en dragers wage it tsiis. De tsiismerk is noch ien fan de fiif tradisjonele Nederlânske tsiismerken dy't noch besteane. Tsiis dat ferhannele wurdt is almeast pleatslike tsiis, ynstee fan de ferneamde tsiis fan Edam en Gouda. It is lykwls net mooglik en keapje tsiis op de merk, want it is einlings in demonstraasje hoe't in tsiismerk eartiids wurke. De demonstraasje fynt plak foar it histoaryske Waachgebou, dêr't in toeriste-ynformaasjeburo en in tsiismuseumyn fêstige binne. Alkmar hat 399 ryksmonuminten, dy't hast allegear yn it êlde sintrum binne.

Alkmar hat trije bioskopen. De huorrebuert is op de Achterdam en it útgeanslibben fynt plak yn de kroegen en kafees oan de Waachplein.

Museums

  • Beatles Museum, oer The Beatles.
  • It Hollânsk Tsiismuseum yn it monumintale Waachgebouw.
  • Nasjonaal Biermuseum "De Boom", yn in 17e-iuwsk pand dêr't eartiids in grutte brouwerij yn wie.
  • Op Art Museum, museum foar optyske fenomenen yn de skilderkeunst, tekenkeunst, grafyk, fotografy en nije media.
  • Stêdelik Museum Alkmar, oan it Canadaplein.

Sport

Alkmar is de thús fan fuotbalklup AZ, dy't yn de Earedifyzje spilet. Yn it seizoen 2008-2009 wûn de klup de earste plak yn de Earedifyzje. Yn 2006 iepene it nije stadion, it DFS-stadion dat no it AFAS-Stadion hjit mei 17.000 sitplakken.

De stêd hat ek in felodroom, dêr't it Nederlânsk hurdfytskampioenskippen elts jier holden wurdt.

Ferneamde Alkmarders

  • Petrus Forestus (1521), dokter
  • Willem Blaeu (1571), kartograaf (mooglik berne yn Utgeast)
  • Metius (1571), astronoom
  • Cornelis Drebbel (1572), útfiner fan de earste dûkboat
  • Joan Blaeu (1598), kartograaf
  • Cornelis van der Lijn (1608), Gûverneur-Generaal fan Nederlânsk-Ynje
  • Caesar van Everdingen (1616/7), skilder
  • Emanuel de Witte (1617), skilder
  • Allaert van Everdingen (1621), skilder
  • Willem de Fesch (1687), komponist
  • Anna Smitshuizen (1751), moardslachtoffer
  • Geertruida Bosboom-Toussaint (1812), skriuwster
  • Hendrik Willem Bakhuis Roozeboom (1854), skiekundige
  • Kees Boeke (1884), ûnderrjochter en pasifist
  • Jan Wils (1891), arsjitekt en ien fan de stifters de beweging fan De Styl
  • Cornelis Berkhouwer (1919), Presidint fan it Jeropeesk Parlemint 1973-1975
  • Alfred Peet (1920), stifter fan de Amerikaanske kofje lytshannel Peet's Coffee & Tea
  • Rudi Carrell (1934), akteur, sjonger, presentator
  • Rudi Vis (1941) Britske politikus
  • Sybilla Dekker (1942), minister
  • Harm Ottenbros (1943), hurdfytser, wrâldkampioen yn 1969
  • Jos Punt (1946), biskop
  • Dick Quax (1948), hurdrinner
  • Patrick Cammaert (1950), kommandant fan FN-Fredesmisjes
  • Gerard Joling (1960), sjonger
  • Lorena Kloosterboer (1962), artyst en skriuwer
  • Marco Borsato (1966), sjonger
  • Hans de Kraker (1967), akteur
  • Jakko Jan Leeuwangh (1972), reedrider
  • Steven de Jongh (1973), hurdfytser
  • Tom Six (1973), horror filmmakker
  • Maria Tesselschade Roemers Visscher (1594-1649), dichter
  • Maarten van der Weijden (1981), lange ôfstânsswimmer; Nederlânsk Sportman fan it jier 2008
  • Theo Bos (1983), hurdfytser
  • Melissa Venema (1995), trompetter
  • Tom Budgen (1985), professionele wrakseler op it stuit yn de WWE ûnder de namme Aleister Black

Keppeling om utens





Noard-Hollân
Alkmar 
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje

Tags:

Alkmar NammeAlkmar SkiednisAlkmar Wiken, doarpen en útbuorrenAlkmar FerfierAlkmar It besjen wurdichAlkmar SportAlkmar Ferneamde dersAlkmar Keppeling om utensAlkmar1 jannewaris125420152019AlddoarpAmsterdamGemeente (bestjoer)HaarlimHaarlimmermarKennemerlânNederlânskNoard-HollânProvinsjeSaanstêdStedsrjochtenStêdWest-FryslânWestfryske dialekten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Pornografy1986September ReignFryske talenÔflûken (seksualiteit)Golf fan OmanEastenrykHavenLuna SilverMemNapali VideoSlachteVina SkyTaalKya TropicNicole BexleyRijssen-HoltenFort Washakie (Wyoming)Stasjon Breda-PrinsenbeekGalaktyske RepublykMontanaLaura GemserStormy DanielsList fan Nederlânske gemeentenMonosacharideSaya SongYggdrasilGeorge I fan Grut-BrittanjeKriichsfinzeneHaadsideLexi Diamond4 febrewarisAlyssa MilanoWeenske oesterNaughty America1564List fan Fryske jongesnammenShae SummersDútskEva JinekIerdeGNU/FDLDraaioargelMoskouIvy SherwoodKoerganJeropeeske Ekonomyske RomteVanessa SkyEarmoedeFingerjenEbroWarkum (gemeente)Pûn sterling1895Frânsk-GuyanaNeakenmodelFryskAtlantyske OseaanArgentynjeJeanne d'ArcArmeenjeVasco da GamaGrykske mytologyDenemarkWendy WhoppersultrafioletDomeinnamme🡆 More