De Alderheljentsjerke (Russysk: Всехсвятская церковь; Vsechsvjatskaja tsjerkov) is ien fan 'e âldste tsjerken yn 'e Russyske haadstêd Moskou.
Alderheljentsjerke yn Kûlisjki Всехсвятская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Moskou | |
plak | Moskou | |
adres | Slavjanskaja pl. 4 | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 38' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Moskou | |
Arsjitektuer | ||
boujier | oarsp. 1380 op 'e nij boud: 1687-1689 | |
boustyl | Moskouse barok | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 771410301830006 | |
Webside | ||
Podvorie-Alexandria.ru | ||
Kaart | ||
Foar it earst waard hjir in houten tsjerke boud troch Dmitri Donskoj, nei alle gedachten yn 1380 ta neitins oan 'e fallen manlju by de Slach by Kûlikovo. Tsjintwurdich leit de tsjerke yn it histoaryske sintrum fan Ruslân's haadstêd, mar doe lei de bougrûn in ein fan Moskou's stedsgrins ôf. It wurd Kûlisjki waard in synonym foar "de ein fan 'e wrâld".
De houten tsjerke waard yn 1488 ferfongen troch in stiennen tsjerke, dy't yn 'e jierren 1687-1689 gruttendiels foar in tsjerke yn barokke styl plak meitsje moast.
Yn 'e jierren 1930 waard de tsjerke sluten en kaam it gebou yn hannen fan it Folkskommissariaat fan Ynlânske Saken. It gebou waard yn 1975 oerdroegen oan it Museum fan Skiednis fan Moskou. Nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny waard yn 1994 in romte ûnder de tsjerke ûntdutsen, dêr't tsjinstanners fan it kommunistyske rezjym fermoarde waarden.
It gebou waard yn 1991 oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn . Yn 1994 waard hjir ta oantinken fan 'e slachtoffers fan de ûnderdrukking in krús delset.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alderheljentsjerke yn Kûlisjki fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Alderheljentsjerke yn Kûlisjky (Moskou), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.