Evangeelje

Evangeelje komt fan it Grykske wurd Euaggelion dat 'goede (blide) boadskip' betsjut.

De term evangeelje wurdt benammen brûkt yn it Kristendom en hâldt in beskriuwing yn fan it libben fan Jezus Kristus mar ek syn heilbringende boadskip fan de Bibel.

Evangeelje
De fjouwer evangeeljes yn de Bibel, Matteus, Markus, Lukas en Johannes.

Untstean

Nei de dea fan Jezus ferskinen der ferhalen dêr't syn libben en dieden yn beskreaun wurde. Al sûnt it begjin wienen der lytse en grutte ferskillen tusken al dizze evangeeljes, boppedat wienen der ek talrike ferzjes fan yn omrin.

Fjouwer evangeeljes

Yn de rin fan de tiid waarden in oantal fan dizze evangeeljes troch de wichtige Roomsk-Katolike Tsjerke as gesach hawwend beskôge. Dat binne de fjouwer dy't yn it Nije Testamint fan de Bibel steane, te witten: it Evangeelje fan Matteus, it Evangeelje fan Markus, it Evangeelje fan Lukas en it Evangeelje fan Johannes.

Oare evangeeljes

Oare evangeeljes waarden op in bepaald stuit as apokryf beskôge en sels ferbean. Under oaren gou dit it Evangeelje fan Tomas, it Evangeelje fan Petrus, it Evangeelje fan Marije Magdalena en it Evangeelje fan Judas.


Tags:

BibelGrykskJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Kristendom

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sander de RouweKimberly KendallSanta Ana (Kalifornje)RichardsonwrotmûsAfantasyProvinsjale SteatenKrystal SwiftAmerikaanske gerslânwrotmûzenMeksikoRobert RedfordKeunstnerSineeskList fan Fryske jongesnammenRhythm and bluesIbearyske hazzeAulacomysFrysktalige WikipedyAleksander de GrutteÇatalhöyükCowgirlhâldingGazastripeQuatrebras (buorskip)RillaardIngelânArabyskNederfrankysk-Nedersaksyske talenFantasy (sjenre)RuslânFûgeltrek26 febrewarisFrouJelle Hendriks BrouwerHelpTheunis Piersma (biolooch)DútslânProto-Yndo-Jeropeesk1913Weenske oesterFinzenisstrafBlaudokeMilitêr transportfleantúchMiko Dai196415 maaieNapali VideoSintraal-Afrikaanske RepublykArcheologyDouglas C-47 SkytrainTwadde KeamerHeinrich BarthSensual JanePolitykBaldrs Draumar (band)TsjerkhôfOranjerivierBiologyAkteurSaotomeeske pappegaaidoSiren ThornOera Linda BoekGetalMyseneLudwig van BeethovenThomas Brooks1974Sêfte pornografyHeechlearaarShae Summers1972Gedicht1909FellatioEastlike greidwrotmûs🡆 More