Monako (Monegaskysk: Principatu de Munegu; Frânsk (de offisjele taal fan Monako: Principauté de Monaco) is in lân yn Súd-Jeropa.
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Monako | ||||
Steatsfoarm | Foarstendom | ||||
Gebiet % wetter | 1,95 km² 0% | ||||
Ynwenners (2013) | 30.500 (15.250/km²) | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | - | ||||
Lânkoade | MCO | ||||
Ynternet | .mc | ||||
Tillefoan | 377 |
De haadstêd is ek Monako en de prins fan it foarstendom is sûnt 2005 Albert II. Monako wurdt begrinzge troch Frankryk yn it noarden en de Middellânske See yn it suden.
Monako is ûntstien op 8 jannewaris 1297. It lân is gjin lid fan de Jeropeeske Uny. Mei 15.250 ynwenners de km² (2013) is it ît tichstbefolke lân fan de wrâld.
It dwerchsteatsje is ynternasjonaal ferneamd as mondain baaiplak en belêstingparadys mei in protte kasino's, dêr't de beau monde tahâldt en alle jierren in Grand Prix yn it Formule 1-autoracen holden wurdt.
Yn Monako wenje mear bûtenlanners as Monegasken. Fan de ynwenners is mar 17% Monegask; 28% hat de Frânske nasjonaliteit en fan de oare 55% is in grut part Italjaan.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Monako, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.