Der binne op dit stuit twa manieren foar it oanmeitsjen fan in nije side.
(Foar mear ynformaasje oer it skriuwen van tekst, sjoch Wikipedy:Ienfâldich begjinne, en fierders faaks de Nederlânsktalige Wikipedia: Uitleg.)
Sjogge jo op de Wikipedy efter in wurd in fraachteken (of in reade link), dan is dat in al oanmakke keppeling nei in noch lege side. As jo dêrop klikke, dan ferskynt de bewurkingsside, mei in noch leech bewurkingsfjild. Yn dat fjild kinne jo nije tekst skriuwe. Dat kin daalks in folslein artikel wêze, of earst allinnich mar in oansetsje.)
Binne jo ree, dan kinne jo ûnderoan by Gearfetting koart oanjaan wat jo skreaun hawwe. Mei "Earst oerlêze" kinne jo fan de niis ynfierde tekst neisjen oft it noch oars moat. Jo krije dan in nije side yn foarbyld fan de nij oanmakke side. Omdat it bewurkingsfjild ek wer op de side stiet, kinne jo gewoan noch fierder mei tafoegjen en oanpassen. (Oft it bewurkingsfjild boppe of ûnder stean moat, kinne jo oanpasse yn de brûkers-ynstellings.)
Binne jo tefreden, dan klikke jo op Fêstlizze. Dernei komt de festleine side yn byld.
Meitsje in nije keppeling op in side dy't wat mei jo nij mêd út te stean hat, of as it wurd al op dy side stiet, feroarje it dan yn in keppeling (Wikifisearje). Klik dan op it nije fraachteken (of de reade ferwizing) en meitsje in begjin mei de nije side. Sa kin men hieltyd nije stikken tafoegje.
En no: Brân mar los en fiel jo frij! Mar wolle jo earst wat witte oer de foarm en ynhâld fan Wikipedy siden, lês dan Stikken skriuwe yn Wikipedy-styl.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wikipedy:In nije side meitsje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.