Susan Boyle

Susan Boyle (Blackburn, 1 april 1961) is in frijwilliger fan de tsjerke en sjongster út Skotlân dy't ferneamd waard doe't hja op 47-jierrige leeftyd meidie oan de tredde rige fan Britain's Got Talent.

Hja song dêr it ferske "I Dreamed a Dream" fan Les Misérables yn de earste rûnde fan it program.

Susan Boyle
Susan Boyle sjonger en/of muzikant
Susan Boyle, 2013
Susan Boyle, 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Susan Magdalane Boyle
nasjonaliteit Britsk
berne 1 april 1961
berteplak Blackburn
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
sjenre Popmuzyk
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 2009-no
offisjele webside
http://www.susanboylemusic.com/nl/

Foar sy begûn mei sjongen, oppenearre it publyk en sjuery har tige negatyf om har foarkommen en leeftyd. Lykwols doe't hja ophold mei sjongen gong it publyk stean en wienen sjuery en publyk tige entûsjast oer har moaie sjongen. Hja krige in steande ovaasje fan it publyk, en 'yes'-stimmen fan alle trije sjueryleden. De audysje wie opnommen yn jannewaris 2009 yn it Clyde Auditorium yn Glasgow, Skotlân.

Oer it ynternet wiene der mei in wike al likernôch 50 miljoen minsken dy't har optreden yn Britain's Got Talent sjoen hienen. Kranten en nijswebsiden oer de hiele wrâld skreaune oer har. Sjuerylid Cowell besocht Boyle te kontraktearjen foar syn eigen Syco Music-platelabel, in dochter fan Sony Music.

Fan 2021 ôf hat Boyle 25 miljoen platen ferkocht. Har debútalbum, I Dreamed A Dream (2009 ), is ien fan de bêst ferkochte albums fan de 21e iuw, mei mear as 10 miljoen ferkochte eksimplaren wrâldwiid, en it wie ynternasjonaal it bêst ferkochte album yn 2009.

Studio albums

  • I Dreamed a Dream (2009)
  • The Gift (2010)
  • Someone to Watch Over Me (2011)
  • Standing Ovation: The Greatest Songs from the Stage (2012)
  • Home for Christmas (2013)
  • Hope (2014)
  • A Wonderful World (2016)
  • Ten (2019)

Prizen en nominaasjes

Jier Ynstelling Kategory Resultaat
2011 53e Grammy Awards Best Pop Vocal Album – I Dreamed a Dream nom
2012 54e Grammy Awards Best Traditional Pop Vocal Album – The Gift nom

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Susan Boyle Studio albumsSusan Boyle Prizen en nominaasjesSusan Boyle Keppeling om utensSusan Boyle1 april1961SjongsterSkotlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FrankenthalNederlânskNick LangUrkDe LauwersLoni LegendNoelle EastonGeorgyskMarrumElegant AngelVienna BlackPeriheliumNomenklatuerGrutte OseaanJohn DemjanjukKommunismeNammeJokbonkeAmerican Music AwardNaughty AmericaAfrikaanske leppelbekFrysktalige WikipedyDomtsjerke fan CefalùLouisiana1632Fryske BernekranteMegan SalinasDe SwemmerFroulike ejakulaasjeFrankrykShania TwainTyneIvy SherwoodImmanuel FichteSúdlike wetterrôtKoerganKromme KnillisCowgirlhâlding19751895Stasjon VriezenveenSekshâldingRottekopYndoneezjeComité flamand de FranceTony van der MeulenKompjûteranimaasje1986KazachstanHardenberg (gemeente)Rocco SiffrediKomoarenpappegaaidoTiidFykologyWurdLuna SilverKrystal SwiftSuffolkSlachteJohan DerksenPaleis HolyroodhouseSlûsSteatsline AJisterLisa AnnMisjonarishâldingJeropa4 febrewarisBolstjurrich StraatfestivalErnst HaeckelGesin🡆 More