Saul Bellow

Saul Bellow (Lachine, 10 juny 1915 - Brooklyn, Massachusetts, 5 april 2005) wie in joadsk-Amerikaansk skriuwer.

Syn boeken beskriuwe en ûndersykje de isolaasje en spirituele dissosjaasje fan syn haadpersoanen.

Saul Bellow
Saul Bellow

Libben en wurk

Hy waard berne yn Lachine, in foarstêd fan Montreal in Kanada, út Russyske âlden. Hy waard grutbrocht yn Chicago en studearre sosjology en antropology. Nei it ôfstudearjen die er ûndersyk oan de universiteit fan Wisconsin en yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er by de keapfardij. Dêrnei hat er sels ek lesjûn oan de universiteiten fan ûnder oaren Minnesota, Princeton, Boston en Chicago.

Bellows earste boek, Dangling Man, waard 1944 útjûn en in tal súksesfolle fiksje- en nonfiksjewurken soenen rillegau folgje. Oft it no om romantyske, finânsjele as oare swierrichheden giet, de gaos dy't in typysk haadpersoan trochmakket laat sûnder mis ta yngeande eksistinsjele fragen, mar ek ta hilaryske en koartswillige sitewaasjes. Bellow referearret yn syn boeken oan de grutte filosofen en tinkers, mar de lêsberens hat der net ûnder te lijen. In goed foarbyld dêrfan is Mr. Sammler’s Planet.

Bellow hat de Nobelpriis foar de Literatuer wûn yn 1976 foar Humboldt's Gift. Yn 1988 ûntfong er de heechste Amerikaanske keunstûnderskieding, de National Medal of Arts.

Bibliografy

Boeken

  • Dangling Man (1944)
  • The Victim (1947)
  • The Adventures of Augie March (1953)
  • Seize the Day (1956)
  • Henderson the Rain King (1959)
  • Herzog (1964)
  • Mr. Sammler's Planet (1970)
  • Humboldt's Gift (1975)
  • The Dean's December (1982)
  • To Jerusalem and Back (1976)
  • More Die of Heartbreak (1987)
  • A Theft (1989)
  • The Bellarosa Connection (1989)
  • Ravelstein (2000)

Essays

  • It All Adds Up

Keppeling om utens

Tags:

Saul Bellow Libben en wurkSaul Bellow BibliografySaul Bellow Keppeling om utensSaul Bellow10 juny191520055 aprilFeriene SteatenJoadenMassachusetts

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

San Paolo fuori le MuraNovialPerûAtapaskyske talen3700 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012Bruce VenturePaul Kusters1625Marijn KuipersPeaskeTsjechjeRobin Williams9e milenniumKemptenGrykskGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010RapunzelBelfastNew York CitySacramento (Kalifornje)Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2016Lofthaven Frankfurt am MainTwitter1577Rosa CaraccioloMediaWiki400 f.Kr.500HimelsblauEarste WrâldkriichMidsimmerfeest100 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Monako 2018Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014Luna SilverEchte apolloflintersKarel II fan IngelânGrutte Priis Formule 1 fan Japan 20122000 f.Kr.SelebesseeNapoleon III fan FrankrykNoemi1901 f.Kr.May ThaiRhode IslandHeather Lee9 oktoberMegan VaughnBûnsrepublyk DútslânGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2017Ljouwert (stêd)500 f.Kr.Opper-Michigan27 maart3101 f.Kr.2501 f.Kr.1301Anale seksISBN901 f.Kr.HTMLGert SchutteLannen en territoariaPearsMeter1500Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 20162801 f.Kr.Britney Spring🡆 More