Sarenna Lee

SaRenna Lee, echte namme ûnbekend (Winchester (Firginia), 17 febrewaris 1971), is in Amerikaansk neakenmodel en earder stripper en pornografysk aktrise.

Hja stiet bekend om har sprekkende likenis fan gesicht mei Hollywood-ikoan en aktrise Marilyn Monroe, en om har grutte boarsten (kupmaat 34HH), dêr't se oankommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

SaRenna Lee
Sarenna Lee persoan yn de seksyndustry
Sarenna Lee
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Norma Jean
echte namme ?
nasjonaliteit Sarenna Lee Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1971
berteplak Winchester (Firginia)
etnisiteit Sarenna Lee Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
lesbysk pornoaktrise
jierren aktyf 19892002 & 2008 – no
offisjele webside
www.sarennasworld.com

Libben en karriêre

SaRenna Lee waard yn 1971 berne yn Winchester, yn 'e steat Firginia, mar groeide op yn Jacksonville, yn 'e steat Floarida, dêr't har âldelju hinne ferhuzen doe't se trije jier wie. Mei trettjin jier die se al modellewurk foar moadekatalogussen, en letter wurke se as servearster en as ferkeapster yn in iiskosaak. Neffens it ferhaal sollisitearre Lee ris nei in baan by in Hooters-filiaal (in Amerikaanske restaurantkeatling dêr't it betsjinjend personeel útsocht wurdt op harren romboarstich foarkommen), mar waard se dêrfoar ôfwiisd. As dat wier is, soe it wol iroanysk wêze. Fierders wie Lee fjouwer jier wurksum yn 'e telemarketingbrâns.

As folwoeksene ferfear se nei it Teksaanske Houston, dêr't se in nije karriêre as stripper begûn nei't se yn kontakt kommen wie mei in oare boarstige eksoatyske dûnseresse, Traci Topps. Fanôf 1992, doe't se ûnderwilens 21 jier wie, posearre Lee ek as neakenmodel foar manljusblêden. Dêrta liet se har D-kupboarsten nochris ekstra fergrutsje troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Neitiid wie se geregeldwei te bewûnderjen yn tydskriften dy't har taleine op it grutte-boarstesjenre, lykas Score, Busty Beauties, Gent, D-Cup, Juggs en Buxotica. Troch har de kombinaasje fan har boarsten mei har natuerlike likenis mei Marilyn Monroe, dy't Lee noch extra fuortsterke mei make-up en troch har hier te blondearjen en op in beskate manear knippe te litten, waard se binnen de koartste kearen tige populêr. Yn 1998 fear se mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne).

Sarenna Lee 
SaRenna Lee.

Behalven yn 'e blêden ferskynde SaRenna Lee ek yn in stik as tritich pornografyske fideo's, al gie hja dêrby nea fierder as masturbaasje en lesbyske hannelings; heteroseksuële pornografy hat se nea makke. De films waarden almeast útbrocht troch studio's dy't har eksklusyf konsintrearren op it grutte-boarstesjenre, lykas The Score Group, Big Top Video en Napali Video. Dêryn wurke Lee faak gear mei oare grutte-boarstestjerren, lykas Chloe Vevrier, Lisa Lipps, Erica Everest, Sana Fey, Danni Ashe, Minka, Kayla Kleevage, Maxi Mounds, Traci Topps en Tawny Peaks. Fierders reizge Lee fan 1993 oant 1996 as graach sjoene feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Njonken sok wurk hat Lee ek in pear kear as mainstream-aktrise wurksum west, almeast as figurante. Se hie lykwols ien fan 'e haadrollen yn 'e skriller Evil Streets, fan regisseur Terry Wickham, út 1998, wêryn't se de stripper Misty spile, dy't hjitfolge waard troch in obsedearre fan.

Yn juny 1996 hold SaRenna Lee op mei har wurk as stripper, en yn 2002 loek se har hielendal út 'e seksyndustry werom, nei eigen sizzen omdat se in gesin stiftsje woe. Ferskate jierren letter brocht se sels, op oanstean fan har fans, in nije dvd út, mei as titel The Naked Truth, dêr't materiaal fan har út har priveesamling op gearbrocht wie. Teffens ferskynde der yn dy jierren in amateurfideo fan har op it ynternet, dêr't op te sjen is hoe't in dronken Lee seksuële omgong hie mei in anonime man. Oer de oarsprong dêrfan giene alderhanne geroften, dy't útinoar rûnen fan in útlekt filmke fan har breidsnacht oant ferkrêfting. Uteinlik mong Lee har yn 'e diskusje en die se út 'e doeken dat it in ûnferstannige mar mei ynstimming fan beide partijen bedreaune one night stand mei in eardere freon wie, dy't sûnder har witten publisearre wie. Hja frege har fans om alle kopyen fan it filmke fuort te smiten en fan fierdere distribúsje ôf te sjen.

Yn 2008 kearde Lee, dy't ûnderwilens mem wurden wie fan in pear twillingdochters, werom as neakenmodel, al wurke hja tenei inkeld foar har eigen webside. Yn 'e jierren dat se net aktyf wie, hie se har grutte silikoaneboarsten holden. Sels sei se dêroer: "Ik hâld fan grutte titen! Ik haw it foar mysels dien en útslutend foar mysels, en dat is der nei alle gedachten de reden foar dat ik frede haw mei hoe't myn lichem derút sjocht. Mei súkses en jild is gelokkigens úteinlik net te keap." Yn 2013 sette SaRenna Lee tegearre mei har freondinne en grutte-boarstekollega Casey James har eigen produksjebedriuw foar neakenfotografy op, dat SarCas Productions kaam te hjitten.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

17 febrewaris1971AktriseBoarstenBoarstfergruttingFeriene SteatenFirginiaGesichtHollywoodMarilyn MonroeNeakenmodelPornografysk aktriseStripperWinchester (Firginia)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HinAstrologyRachel WeiszDaniel RicciardoSasha BeartGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014Feriene SteatenKelsi MonroeThea BeckmanOblast OrenburgBratislava1969TransistorLjouwert (stêd)MoandeiMaya Bijou3501 f.Kr.The SimpsonsKrystal SwiftNeakenensGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Britney Spring3300 f.Kr.BorneoEpifanytsjerke (Solikamsk)1500 f.Kr.Magno Alves27e iuw3001 f.Kr.Hanns EislerFrânsk216 f.Kr.Sofia HelinSekshâlding1622Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)LapdanceBogotá (stêd)Dimter (gemeente)Dakota-Oarloch fan 1862Atapaskyske talenJayden LeeProtestantismeFormule 1 yn 2010Skiednis fan PoalenFrans Hemsterhuis1918703 f.Kr.Baalbek17543000 f.Kr.KambodjaGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010Formule 1 yn 20171978Fazanten1501Groepseks5001001843Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2015Julianna Vega2024🡆 More