Rinze Hempenius

Rinze Frederik Hendrik Hempenius (Batavia, 25 febrewaris 1918 - Epe, 12 jannewaris 1982) is in earder Nederlânsk CHU-politikus.

Rinze Hempenius
Rinze Hempenius politikus
echte namme Rinze Frederik Hendrik Hempenius
nasjonaliteit Rinze Hempenius Nederlânsk
bertedatum 25 febrewaris 1918
berteplak Batavia
stjerdatum 12 jannewaris 1982
stjerplak Epe
etnisiteit Rinze Hempenius Frysk
partij CHU
boargemaster fan Frjentsjerteradiel
amtsperioade 1959-1971
foargonger Frederik Steenhuisen
opfolger Siebold Hartkamp
boargemaster fan Pijnacker
amtsperioade 1971-1981
foargonger Jan Vader
opfolger John de Prieëlle

Hempenius, fan Fryske komôf, waard berne yn Nederlânsk-Ynje. As trettjinjierrige gie hy foar syn oplieding nei Nederlân. Hy studearre rjochten yn Leien. Nei syn stúdzje wie hy folontêr by de gemeentesekretary fan Rijswijk, sekretaris fan in beswierenkommisje foar ûnteigeningsfergoedingen bûten Rotterdam en haad fan de ôfdieling ûnteigening en tawizing fan it prizeburo fan de Direksje Weropbou en Folkshûsfêsting yn Súd-Hollân. Hy waard letter haadkommys fan de provinsjale griffy yn Súd-Hollân.

Hy waard yn 1959 ynstallearre as boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Om ûntslach fanwege de gemeentlike weryndieling yn Fryslân foar te wêzen, socht hy om in nije gemeente bûten de provinsje. Yn 1971 waard hy beneamd ta boargemaster fan Pijnacker. Hy makke yn 1981 gebrûk fan de regeling foar eardere úttreding (VUT) en ferhuze nei Epe. Hy ferstoar ut jier dêrop op 63-jierige leeftiid. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn Pijnacker is in byld fan him komd.

Tags:

12 jannewaris1918198225 febrewarisBatavia (Nederlânsk-Ynje)EpeKristlik-Histoaryske Uny

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AldskouNasjonaalsosjalismeHludanePavel DoerovHeinrich Himmler2017LânJob CohenAle S. van ZandbergenKatedraal fan PadûaPierre WoodmanHylperskVictoria GivensNicole BexleyVanessa SkySporthalKoördinearre WrâldtiidDomtsjerke fan GrossetoSuze Boschma-BerkhoutBluesAlbum (muzyk)Afrikaanske pappegaaidoNashville (Tennessee)Çatalhöyük1950-er jierrenLesotoFingerjenTroudFilipinenWilhelmusAleksander PûsjkinPornoakteur22 febrewarisToplessTurkskCountryMaría del Carmen CarricartDomeinnammeFeankeninginneNoelle EastonArwen GoldNasjonale feestdeiLeppelbekSeksuele yntimidaasjeNasjonaal Park YellowstoneNij-GuineäIrakLeppelbekkenPilekaaneftigenSuffolkProstitueeMediafranchiseDútsk23 aprilMaltaGamal Abdel NasserBasketbalMirka Antolović-Tipurić26 febrewarisDomtsjerke fan OrvietoWebstee19e iuwFeriene SteatenKening-keizerSkotlân🡆 More