Richard Virenque

Richard Virenque (Kasablanka, 19 novimber 1969) is in earder Frânsk hurdfytser.

Virenque wûn sân kear it berchklassemint yn de Omgong fan Frankryk.

Richard Virenque
Richard Virenque sporter
Richard Virenque (1993)
Richard Virenque (1993)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Virenque
bynamme Richard Liuwehert
nasjonaliteit Richard Virenque Frânsk
bertedatum 19 novimber 1969
berteplak Kasablanka flagge fan Marokko
lingte 1.79 m
gewicht 65 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
O.S. Atlanta 1996,
Sydney 2000,
Atene 2004
debút 1991
karriêre-ein 2004
wichtige prestaasjes
Richard Virenque 1x brûns Wrâldkampioenskippen 1994

Karriêre

Richard Virenque begûn syn profkarriêre yn 1991 by de Frânske ploech RMO dy't er yn 1993 ferruile foar Festina. In jier nei syn debút yn 'e Omgong fan Frankryk 1992 droech er as jongste dielnimmer ien dei de giele trui, en in meardere dagen de boltsjestrui. Yn 1994 wûn hy de 12e etappe yn de Omgong fan Frankryk, en naam de boltsjestrui mei nei hûs.

Yn de trije jier dy't folgen wûn er de boltsjestrui en ekn ien etappe. Boppedat waard er yn 1996 tredde en yn 1997 twadde, wêrmei't er de earste Frânsman sûnt Laurent Fignon yn 1989 dy't op it poadium fan de Omgong fan Frankryk stie.

Yn 1998 rûn de karriêre fan Virenque barst op as gefolch fan de Festina-affêre. Omdat Virenque nea posityf test wie op doping waard er net skorst troch it Ynternasjonale Hurdfytsuny UCI. It jier der op yn 1999 wûn er wer de boltsjestrui. Koart nei de Omgong fan Frankryk 2000 bekende Virenque dochs noch yn syn Festina tiid doping brûkt te hawwen. Hy waard hjirfoar dochs noch 9 moanne skorst.

Nei 't syn skorsing ôfrûn wie tekene hy in kontrakt by it Belgyske Domo-Farm Frites. Yn 2003 en 2004 wist er wer de boltsjestrui te feroverjen. Beide jierren wûn er ek in etappe, mar yn it klassemint soe er gjin rol fan betsjutting mear spylje. Wêrnei 't er tsjin de ein fan it seizoen 2004 punt efter syn karriêre sette.

Njonken de oerwinningen yn de Omgong fan Frankryk besteane de measte fan Virenques oerwinningen út kriteariums. Hy wûn lykwols ek in etappe yn de Omgong fan Itaalje 1999, de klimmerstrofee yn 1994, de Omgong fan Piëmont yn 1996 en yn totaal fjouwer etappes yn de Dauphiné Libéré. Virenque die ek noch trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1996, 2000 en 2004).

Nei it hurdfytsen

Nei syn karriêre begûn Virenque tegearre mei syn frou mei de ferkeap fan sieraden, ûnder de namme Le Sept. Yn augustus 2006 rekke hy slimferwûne by in falpartij by in fytstocht yn de buert fan Grenoble. Virenque waard ek aktyf as ûnder mear kommentator by wedstriden by de Frânske Eurosport. Yn de Omgong fan Frankryk is hy gasthear fan Carrefour, de sponsor fan de boltsjestrui, yn it Village Départ (startlokaasje) en oan de Einstreek.

Dielname oan grutte omgongen

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

Dielname oan de Omgong fan Spanje

  • 1995 - 5e;
  • 1998 - 11e;
  • 2000 - 16e;
  • 2001 - 24ste;
  • 2003 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

  • 1999 - 14e; winner 13e etappe

Ploegen

  • 1991-1992 - RMO
  • 1993-1998 - Festina
  • 1999-2000 - Polti
  • 2001-2002 - Domo-Farm Frites
  • 2003-2004 - Quick-step

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Tags:

Richard Virenque KarriêreRichard Virenque Nei it hurdfytsenRichard Virenque Dielname oan grutte omgongenRichard Virenque PloegenRichard Virenque19 novimber1969FrankrykHurdfytserKasablankaOmgong fan Frankryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MiggeswamHarry TrumanGKeulenPresidintSinkMylPopcaanJapanYndianereservaatKlassikusList fan grutste stêden yn DútslânAgnostisismeMartinyk1Olympyske SpullenAberystwythYnformatika4e iuw1514MonargyFrankryk1994Microsoft1981AlpenPornoaktriseIzerSina25 jannewarisMarcel HirscherOFierljeppenMoriah MillsWenenNederlânYBlêdDifyzjeWim de BieKavaleryBrusselAppelskeaStripperSandy MilzBûtan1934Katedraal fan NantesDouglas C-47 DakotaM31GlamourfotografySekondeMormonismeAndorSharon Lee (pornografysk aktrise)Misjonarishâlding1901Are1955Mea NabermanTwadde WrâldkriichSwarte SeeLânDrankbestridingWilfred Genee🡆 More