Pleuritis

Pleuritis (ek wol pleuris ) is in ûntstekking oan it boarstflues dat de longen en de binnenkant fan de boarstkas (thorax) beklaaid, de pleura.

Pleuritis    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

It kin troch in firale- of in baktearjele ynfeksje (ek by in longûntstekking) komme of troch yrritaasje fan de pleura. Der bestiet ek in reumatyske foarm fan pleutitis. At der focht tusken de longfluezen ûntstiet wurdt sprutsen fan pleurafocht (in eksudaat). Dy foarm fan pleuritis hiet pleuritis exsudativa (wiete pleuris); by pleuritis sicca (drûge pleuris) wurdt gjin of mar in bytsje eksudaat foarme. Pleurafocht kin ynfektearre reitsje (ettter), sadat in empyeem ûntstiet. By trochgroei as útsiedzjen fan kankersellen tusken de pleurabladen wurdt praat fan pleuritis carcinomatosa.

Yn de 20e iuw waard pleuritis wol as in eufemisme foar tuberkuloaze brûkt, ek at der gjin sprake fan in tuberkuleuze pleuritis wie.

Symptomen

Typysk ferskynsel fan in pleuritis is in stekkende pine dy’t slimmer wurdt by sykheljen en hoastjen, benammen yn it gefal fan de drûge foarm. It hinget fan it krekte plak fan de ûntstekking ôf oft der in útstrielende pine nei de bûk, de nekke of de skouders is. Meastal sykhellet de pasjint fluch en oerflakkich. Soms is der lichte koarts.

Behanneling

Pleuritis wurdt behannele troch de oarsaak te behanneljen, sa nedich en at it mooglik is. Bakteriële pleuritis is meastal goed te behanneljen mei antibiotika, firale pleuritis troch ôf te wachtsjen en/of mei ûntstekkingsrimmers.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Longen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Boccia op de Paralympyske SimmerspullenStavangerEva JinekJack NicholsonFrankryk1988ÛntslachFerlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)Gryksk1941Nederlânsk-YnjeIngelskOlympyske Simmerspullen 2024DútslânWaadseeEtiopysk-Otterdokse TsjerkeKristenEastblokYnternetMay ThaiAngela SchijfAldenburchNederlânThe Number of the Beast (album)Roeien op de Olympyske Simmerspullen 1904Sarah YoungWrâldkampioenskip fuotbal 2006HasmoneeërsHoratio NelsonHaatmisdriuwJoeri AndropovNorwichMarilyn MonroeGjûmriSaya SongMichael JordanSimon & SchusterWrâldkampioenskip fuotbal 1998Genetyske technologyMoammar al-KadaffyGeweldYnternasjonaal Systeem fan IenhedenTeudebert IIBaton Rouge (Louisiana)Russyske BoargeroarlochAbrahamityske religyenSean LawlessBristol (Ingelân)1557Rae Lil BlackPoalske FjildtochtEmiel StoffersMichelle TuckerRomeinenSanta Ana (Kalifornje)Parys1927Provinciale Friesche CourantHans Holbein de JongeFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Romeinske sifersWrâldkampioenskip fuotbal 1970KeallepoatImpala (antilope)CityJetEddy MerckxBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016AldjiersdeiFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)Bestjoer🡆 More