Panteramanyt

De panteramanyt is in grutte poddestoel út de famylje amanyteftigen (Amanitaceae).

De panteramanyt is giftich en besit lykas de miggeswam muscazone en iboteensoer. It iten fan de panteramanyt kin liede ta stûpen of koma. De panteramanyt falt lykas de miggeswam ûnder de wurking fan de Opiumwet.

panteramanyt
Panteramanyt Panteramaniten yn ferskate stadia
(Surhústerfean, 2017)
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje amanyteftigen (Amanitaceae)
skaai amaniten (Amanita)
soarte
Amanita panthera
(DC. : Fr.) Krombh.

Beskriuwing

Panteramanyt 
Yllustraasje fan Jacob Christian Schäffer (1762)

De grize oant brune hoed fan de panteramanyt is bolfoarmich en letter maksimaal 10 sintimeter breed en flak mei op de râne groeven. Lykas de miggeswam hat ek de hoed fan de panteramanyt fan it felum ôfkomstige flokken. De wite lamellen ûnder de hoed binne ticht tsjin inoar oanhechte. De stâl is oan de foet knolfoarmich mei in dúdlike râne en wurdt sa'n tsien oant fyftjin sintimeter heech. Yn it midden fan de wite stâl hinget in ring. De spoaren fan de panteramanyt binne wyt.

Fynplakken

De panteramanyt is yn de neisimmer oant de hjerst te finen op sângrûn yn hiel Europa en dielen fan Aazje. De poddestoel is yntrodusearre yn Súd-Afrika en op Vancouvereilân yn Kanada. Hy giet ferbinings oan mei leafbeammen en stiet yn berms en parken, fral lâns paden.

Keppeling om utens

Tags:

MiggeswamPoddestoel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KairoSry LankaEvenhoevigen19091594Syrillysk alfabet299 maartBrazilian waxNeakenfotografyOklahomaStêdHenry David Thoreau1946ItaaljeSnieUSwedenSinkHebriuwsk16e iuwKoloanje19e iuw1PornoakteurCGeneraliteit fan Kataloanje7 maart1941Halona Vog16 maartHarry TrumanMisjonarishâldingTelefyzjeprodusintSwolAlberto Ascari1926Auxiliary Power UnitHLatynYndiaaske kalinder1187Dragan BakemaHielûnthâlding1901ReuzepandaKleaster WeerdLittenseradiel1920Marcel DupréOlympyske SpullenÓrlaith íngen Cennétig1 maartDouglas C-47 DakotaMozilla ThunderbirdKlam (taalkunde)Koalstof1937AgnostisismeGrutte-boarstesjenreList fan grutste stêden yn DútslânGod18e iuw6 novimber🡆 More