De Niger-Kongoleeske talen foarmje in tige grutte kloft Afrikaanske talen, dy't kwa fersprieding it grutste part fan Afrika besuden de Sahara beslacht.
Foarhinne waard dizze taalfamylje wol de Niger-Kordofaanske talen neamd, mar resint ûndersyk hat útwiisd dat de frij minmachtige Kordofaanske talen fan súdlik Sûdaan, dêr't de folle gruttere Niger-Kongoleeske famylje mei besibbe wêze soe, sels hielendal gjin ienheid foarmje. Tsjintwurdich wurde guon fan 'e eardere Kordofaanske talen ûnderbrocht by de Niger-Kongoleeske kloft en oaren by de dêrmei net besibbe Nilo-Saharaanske talen.
De Niger-Kongoleeske taalfamylje omfiemet krapoan 1.500 ûnderskate talen, mei in mienskiplik oantal sprekkers fan likernôch 600 miljoen minsken. It grutste part fan it ferspriedingsgebiet (fan Sintraal-Afrika oant de súdpunt fan it kontinint by Kaap de Goede Hoop) wurdt opmakke troch ien tûke, nammentlik de Bantû-talen, dêr't û.m. it Sûlû, it Swahily, it Rûandeesk en it Kikûjû fan Kenia ta hearre. De oare tûken fan 'e Niger-Kongoleeske taalfamylje binne beheind ta West-Afrika en noardlik Sintraal-Afrika. Dêrta hearre û.m. it Wolof fan Senegal en it Jorûba en Ibo fan Nigearia.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Niger-Kongoleeske talen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.