Nena Sanchez

Nena Sanchez (1943 - 2017) wie in Kurasausk keunstneresse, binnenhûsarsjitekte en de eardere Miss Kurasau.

Sûnt 2002 hie hja har eigen keunstgallery yn it eardere plantaazjehûs Jan Kok by it doarp Sint-Willibrordus op Kurasau.

Nena Sanchez
Keunstgallery Nena Sanchez yn plantaazjehûs Jan Kok

Libben

Yn har bernetiid hie Sanchez al niget oan keunst. Mei 18 jier die se mei oan in keunstkriich dy’t troch it departemint foar kultuer en keunst organisearre waard. De tolve bêste skilderijen waarden ûnderdiel fan in útstalling dy’t troch Meksiko en it Karibysk Gebiet reizge.

Yn 1966 die Nena mei oan de missferkiezing op Kurasau. Hja waard Miss Kurasau en mocht dielnimme oan de ynternasjonale missferkiezing. Yn de rol fan Miss Kurasau fertsjintwurdige hja it eilân by ferskate ynternasjonale eveneminten. Sanchez studearre foar binnenhûsarsjitekt en wurke yn de Feriene Steaten, Europa en Aazje. Yn dat tiidrek sette se har skildersambysje op in sêft sin.

Nei 25 jier om utens op ferskate kontininten, ferhuze Sanchez yn 1994 werom nei Kurasau. Sûnder learmaster makke se har de skilderkeunst wer eigen en begûn as autodidakt te eksperimintearjen mei ferskillende materialen lykas kanvas, papier en hout. Har ynspiraasje helle se út de tropyske omjouwing. Har skilderingen litte it Karibyske lânskip sjen. Hja skildere ûnder oaren tropyske blommen en planten, huzen, (palm)beammen en minsken. Har skilderstyl is mei in protte felle kleuren de fleurige kant it neist.

Sûnt 1998 joech Sanchez har keunstwurk sels út. Hja ferkocht kopyen fan har wurk op ûnder oaren kanvas en as kalinders. Har wurk is rûnom op it eilân sichtber en troch ferkeap ek bûten it eilân yn priveebesit. Har wurk wurdt ek brûkt foar promoasje fan it eilân op ûnder oaren websiden en yn tydskriften.

Keppeling om utens

Tags:

194320022017DoarpKeunstneresseKurasauMiss-ferkiezingPlantaazje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HynstekrêftWylpreagerfûgels1968KeatsenArameeskHantsjemierJapanYouTubeReadnekibisMoskouList fan lannen en territoariaStichting Alde Fryske TsjerkenEala Frya FresenaJ.R.R. TolkienAcademy of Country Music AwardFreonskipAkkrumLexi DiamondSiselAFRON1 juny1989Malala YousafzaiDe YnternasjonaleBruce VentureLesbiënneSalvador DalíLatynEtnografyKarnivoar1822Hûntsjeshâlding20031818List fan sterke tiidwurden yn it FryskDuëtAlbum (muzyk)San Jose (Kalifornje)RivierBlauwe wikel30 juny2 novimberRamon (pornografysk akteur)Doekle TerpstraParys69 (sekshâlding)Benediktus XVITynemarketingCharlie ChaplinOerstreamingFlechtleaze fûgelLatynsk-AmearikaKatee OwenPriya PriceWeenske oesterWringedierenIranBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 1936Frits ThorsPredaasje13 augustusMiko LeeIggy Pop23 septimberBluesJ.R. Carrington🡆 More