Gedicht Fan Joast Hiddes Halbertsma Nacht

Nacht is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869).

It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Nacht is in koart gedicht wêryn't Halbertsma in byldzjende beskriuwing jout fan 'e leafde tusken in feint en syn faam.

Nacht
algemiene gegevens
auteur Joast Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1829, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

Tekst

                      Nacht
    Stjerren blinke, wyntsjes swije,
    En natoer leit yn 'e slom
    't Is de stillen nacht fan 't frijen
    Kom, myn leave famke, kom!
    Lit ús hân oan hân hjit sitte,
    Foar nin loerjende eagen bang
    Lit ús wrâlds fertriet ferjitte.
    Leafde wit hjir fan nin twang
    Djippe stilte is om ús hinne,
    En it fjild leit yn de dau;
    'k Hear it flústerjen allinne,
    „Ivich, ivich, leafde en trou!”
    Ingels yn dit hillich tsjuster
    Flodderwjokje om ús ta;
    Sizze fan ús lok ferwondere:
    „Wêr is 't yn de himel sa?”

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1789182918691871Bruorren HalbertsmaDe Lapekoer fan Gabe SkroarDichtbondelDichterFerhalebondelFreonFreondinneFryslânGedichtJoast Hiddes HalbertsmaLeafdeRimen en TeltsjesSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Alde LeieLjouwert (stêd)FinlânWolgaDaisy Summers96Megan VaughnEach27 febrewarisVolksbond tegen DrankmisbruikAda SanchezMontrealWenen22e iuwSwolGrêfJake SteedKorsikaKeulenIraanske kalinderFeriene Steaten8A Bridge Too Far (film)14 febrewarisOklahoma1981King of Kings (film út 1961)Roemeenje16e iuwLittenseradielManchester City FCErebiaSpaanskFaginaMisjonarishâldingYndia27 maartNoard-KoreäKeatsen1895Mea NabermanPrusenFoarum foar DemokrasyEve MadisonÓrlaith íngen CennétigWiskundeNobelpriis foar de LiteratuerUbuntu2018TeksasNeakenfotografy30 maartSinaIsraelYndiaaske kalinderMartinykMilfpornografy26661963WebsteeLisa Ann1933Taal25 jannewarisKristendomKaribysk Nederlân🡆 More