N'djamena

N’Djamena (oant 1973 Fort-Lamy; Arabysk نجامينا|) is de haadstêd fan de republyk Tsjaad en tagelyk de grutste stêd fan it lân.

De stêd is in haven oan de rivier Chari en leit rjocht tsjinoer de stêd Kousséri yn Kameroen, dêr't it troch in brêge mei ferbûn is. De regio N'Djamena is ferdield yn 10 arrondisseminten. It is fierders de regionale merk foar fee, sâlt, nôt, dadels en in moetingsplak fan belang. De measte yndustry hâldt har dwaande mei it ferwurkjen fan fleis, fisk en it bewurkjen fan katoen. Alhoewol't de stêd is soad te lijen hân hat fan de boargeroarloggen yn Tsjaad (sûnt 1965) hat it syn posysje as ekonomysk sintrum fan Tsjaad hanthavenje kinnen.

N'Djamena
N'djamena
Polityk
Lân Tsjaad
Regio N'Djamena
Boargemaster Marie Thérèse Mbailemdana (2010)
Sifers
Ynwennertal stêd: 993,492 (2009)
Stêdekloft 1.518.988
Hichte 298 m
Oar
Stifting 29 maaie 1900
Koördinaten

N'djamena
Tsjaad

Dêr binne twa universiteiten, in Frânsktalige (1971) en in Arabysktalige (1991) en skoallen foar administratyf ûnderwiis en de oplieding ta bistedokter.

De stêd hat in ynternasjonale lofthaven. N'Djamena is it eastlik einpunt fan de Trans-Saheliaanske Hearrewei, en is mei East-Afrika ferbûn troch de Ndjamena-Dzjibûty Hearrewei. De grutte dyk fan Tripoly nei Kaapstêd rint ek troch N'Djamena, sadat it in ferkearsknooppunt fan belang is yn Sintraal-Afrika. De rivieren Chari en Logone, eartiids de wichtichste ferbining nei bûten ta, hawwe net folle mear te betsjutten foar hannel en ferkear.

De stêd waard yn 1900 troch de Frânsken stifte ûnder de namme Fort Lamy, neamd nei de Frânske legeroanfierder François Joseph Lamy dy't dêr dat jier krekt sneuvele wie.

Foto's N'Djamena

De foto's binne nei alle gedachten út 1960-69, Fort Lamy

Susterstêden

Keppelings om utens

Tags:

19651973ArabyskFeeKameroenKatoenNôtRepublykSâltTsjaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2008Katedraal fan CataniaHelen Duval24 aprilMaltaDomeinnammeKomykKommunismeJasmine AlohaTyneMickey Mouse2023Tiffany Towers (pornografysk aktrise)Gryptsjerk4 maart1790Domtsjerke fan OrvietoLuma CariocaKrisjna20 aprilVanda VitusHludaneWesterske wrâldHavana GingerAlain DeloinFryske Frijheid1932Anno GalamaAlexa FlexyLeppelbekNasjonaalsosjalismeGrover Cleveland5 jannewarisToplessSietske PoepjesJenna BrooksMartijn Theodoor HoutsmaBetlehimSûkerbôleAcademy of Country Music AwardRoplettersKleanRocky MountainsNASAKânselierRôze leppelbekKylee StruttHimelfeartsdeiFrysktalige Wikipedy2012Oflûken (seksualiteit)Heather LeeKeningsleppelbekKatedraal fan UdineBlauGokkenAleksander PûsjkinNoelle Easton69 (sekshâlding)1902MahabharataNasalearringMiddelseksSyprusMia Lelani1576Katedraal fan NotoKleur🡆 More