1362 Sint-Marsellusfloed

De twadde Sint-Marsellusfloed of Earste Grutte Mandrenke (grutte ferdrinking fan minsken) wie fan 15 op 16 jannewaris yn it jier 1362, op de dei dat de hillige Marsellus betocht wurdt.

Op 15 jannewaris 1219 wie de earste Sint-Marsellusfloed.

1362 Sint-Marsellusfloed
Kaart fan Noard-Fryslân fan Johannes Mejer om 1240 (foar de stoarmfloed 1362). De reade linen jouwe de hjoeddeiske kust oan

De oerstreaming trof alle lannen om de Noardsee hinne. De Dútske kronykskriuwer Anton Heimreich melde dat it wetter (as gefolch fan de opstowing yn de Noardsee) yn Sleeswyk-Holstein riisde ta goed 4 jellen (goed 2,4 meter) boppe de diken en 21 dyktrochbraken feroarsake. Yn Noard-Fryslân waarden de stêd Rungholt en noch 7 oaren troch it wetter weispield en goed 7.600 minsken ferdronken.

Yn Nederlân wienen de gefolgen like desastreus. Lâns de hiele kust brutsen diken troch en grutte parten fan Nederlân rekken ûnder wetter.

It krekte oantal slachtoffers is net wis. De skattingen rinne útien fan 25.000 oant 40.000 en sels fan 100.000 slachtoffers; mar dat is wierskynlik fierstente folle.

Sjoch ek

Tags:

136215 jannewaris16 jannewarisSint-Marsellusfloed (1219)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mitra NazarFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)HûntsjeshâldingAlde Wyk (Beetstersweach)Fryske FrijheidGermanenAfke HijlkemaAdolf HitlerBlanche BradburryBasilyk fan San Marco1947Jan Krol (akteur)1968Botswana21e iuwStasjon RijssenEva JinekOekraïneWestgermaanske talenLogan Long1941Blauwe wikelAnneke DoumaPrêrjewolfGeorgiaTrio (seksualiteit)Midden-AmearikaList fan sterke tiidwurden yn it Frysk1970Sozialdemokratische Partei DeutschlandsDomtsjerke fan Pisa23 septimberMienebest fan NaasjesGolden Gate Brêge2006Rijssen-HoltenWolfHonkbalDomtsjerke fan CefalùShanghai1980Bo SinnSineeske kalinderBarry Hay1958TyneFerdrach fan VersaillesJulianna VegaHans WiegelSeptember ReignKelsi MonroeZaya CassidyNeakenmodelJade JantzenLiberalisme2011EreksjeSarah Young2004Mya NicholeFeriene KeninkrykTiidsôneFulkaanPeter Johann Nepomuk GeigerWashington (steat)11e iuw f.Kr.1977🡆 More