Marilyn Durham

Marilyn Durham (berne as: Marilyn Wall; Evansville (Indiana), 8 septimber 1930 – dêre, 19 maart 2015) wie in Amerikaansk skriuwster fan westerns, aventoereromans en histoaryske romans.

Hja skreau tige stadich, en har hiele oeuvre bestiet út trije boeken. Dêrfan waard it earste, The Man Who Loved Cat Dancing, in grutte bestseller.

Marilyn Durham
Marilyn Durham skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marilyn Wall Durham
nasjonaliteit Marilyn Durham Amerikaansk
berne 8 septimber 1930
berteplak Evansville (Indiana)
stoarn 19 maart 2015
stjerplak Evansville (Indiana)
etnisiteit Marilyn Durham Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre westerns, aventoereromans,
histoaryske romans
bekendste
  wurk(en)
The Man Who Loved Cat Dancing
Dutch Uncle
útjouwer Harcourt Brace
jierren aktyf 19721982
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Jonkheid, oplieding en gesinslibben

Durham waard yn 1930 berne yn Evansville, yn 'e steat Indiana, as de dochter fan 'e hoefsmid Russell Wall en dy syn frou Stacy Birdsall. Hja studearre ien jier oan it Evansville Kolleezje (no de Universiteit fan Evansville), yn 1949-1950. Yn novimber 1950 troude se mei Kilburn Durham, in fjildwurker foar it Amerikaanske systeem fan oerheidsútkearings. Dêrnei begûn Durham oan in bestean as húsfrou, wêrby't se twa dochters krige en grutbrocht, Joyce Elaine en Mary Jennifer. Yn har frije tiid lies se in protte. Behalven foar fiksje hie se in libbenslange belangstelling foar archeology, teology, astronomy en de skiednis fan it Midsiuwske Ingelân.

Skriuwkarriêre

Op in jûn yn 1969 sei Durham tsjin har man dat se sels in bettere roman skriuwe koe as lykfol hokker dy't se de lêste tiid lêzen hie. Uteinlik besleat se om 'e die by it wurd te foegjen, en wurke se oerdeis oan 'e itenstafel, as har man nei syn wurk en har dochters nei skoalle wiene, oan it hânskreaune manuskript fan The Man Who Loved Cat Dancing. Hja besocht har skriuwen geheim te hâlden foar har gesin, want se siet yn oer de kwaliteit fan har eigen wurk en woe net foar gek stean. Lykwols ûntdiek har man it doe't se hast klear wie mei it sechsde haadstik. Doe't se it boek ôf hie, ferkocht Durham it manuskript oan 'e útjouwerij Harcourt Brace, dy't it yn 1972 publisearre.

The Man Who Loved Cat Dancing is in ferhaal dat yn 'e 1880-er jierren spilet, oer in treinrôver út it Wylde Westen en in troude frou út it Easten dy't fereale opinoar reitsje wylst se efterneisitten wurde troch har man en de autoriteiten. De roman waard in bestseller dy't troch de kritisy priizge waard om syn knaphandige karakterstúdzjes en syn muoiteleas ûnderhâldende skriuwstyl. Yn 1973 waard it boek ferfilme ûnder deselde titel troch regisseur Richard C. Sarafian, mei Burt Reynolds en de Britske aktrise Sarah Miles yn 'e haadrollen. De film wie lykwols in teloarstelling, mei't de produsinten in hiele rige manlike "skriptdokters" loslitten hiene op it oarspronklike senario fan Eleanor Perry, dat tichteby de roman bleaun wie. Doe waarden de personaazjes, de dialogen en sels de ein feroare, sadat de film úteinlik amper noch wat mei it boek te krijen hie.

Underwilens hie Durham har twadde boek skreaun, Dutch Uncle, dat by Harcourt útkaam yn 1973. It wie op 'e nij in western, diskear oer Jake Hollander, in revolverman en profesjoneel pokerder op jierren, dy't in stedsje yn Nij-Meksiko yn riidt en dêr troch in rige ûnwierskynlike foarfallen marshal wurdt en in pear Meksikaanske wezen yn 'e hûs nimt. Ek dit boek waard in bestseller, mar it wie net sa'n grut súkses as The Man Who Loved Cat Dancing.

Durham har trêde en lêste boek liet hast tsien jier op him wachtsje. It krige de titel Flambard's Confession, en ferskynde yn 1982, op 'e nij by Harcourt. It is in histoaryske roman dy't spilet yn it Ingelân fan 'e ein fan 'e alfde en it begjin fan 'e tolfde iuw, en giet oer Flambard, in preester en fertrouling fan Willem de Oermasterder en Willem II, de earste beide Normandyske keningen fan Ingelân. It ferhaal wurdt ferteld as in bycht op it stjerbêd en sit fol hofyntriizjes en kleurrike beskriuwings fan 'e Midsiuwen. Dit boek waard tige goed ûntfongen troch de kritisy, mar ferkocht in stik minder as Durham har earste beide boeken.

Lettere jierren en ferstjerren

Durham wie neitiid belutsen by in stikmannich skriuwersgroepen yn Evansville, dêr't se jonge en begjinnende skriuwers besocht te helpen mei goerie. Ek joech se ferskate skriuw-workshops oan 'e Universiteit fan Evansville en oan 'e Universiteit fan Súdlik Indiana. Fan 1984 oant 1995 wurke hja as leararesse oan it McGraw-Hill's Continuing Education Center, wêrby't se koarte fiksje fan nije skriuwers lies en beoardiele en lessen yn skriuwen joech. Dêrnjonken joech Durham ek les oan 'e sneinsskoalle fan 'e Trinity United Methodist Church yn it sintrum fan Evansville. Sûnt 1994 wie hja widdo fan har man Kilburn Durham. Se wie fan doel in fjirde roman te skriuwen, oer de Spaanske kening Filips II en dy syn problematyske relaasje mei syn âldste soan Karel (dy't úteinlik resultearre yn 'e dea fan dy lêste), doe't se yn jannewaris 2012 troffen waard troch in oerhaal. It nije boek kaam der net mear; Durham ferstoar op 19 maart 2015 yn 'e âlderdom fan 84 jier.

Wurk

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1973 Award of the Society of Midland Authors wûn bêste fiksje The Man Who Loved Cat Dancing

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Tags:

Marilyn Durham Libben en karriêreMarilyn Durham WurkMarilyn Durham Prizen en nominaasjesMarilyn Durham19 maart193020158 septimberAventoereromanBestsellerBoekFeriene SteatenHistoaryske romanIndianaSkriuwsterThe Man Who Loved Cat Dancing (roman)Western (sjenre)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gemeenten fan Nederlân1564Jenna BrooksMay ThaiOrgasmeList fan Nederlânske gemeenten1896TechnologySasha BeartFilmKening-keizerLeppelbekJob CohenHarmony WonderLuna SilverWhitney Taylor1859Westerske wrâldKarma RosenbergLimoerhalskankerSkrikkeljier fan tongersdei ôfKatedraal fan PadûaDomeinnammeLânDigital SinBilly GlideGamal Abdel NasserIngelskGryptsjerkMediaWikiTsjechoslowakijeJada StevensToplessMolekulêre biologyDútslân1933Erflikheidslear5 jannewarisHeather LeeSarah YoungSlavyske talenKeningsleppelbekSeksuele opwiningSuze Boschma-BerkhoutNasjonaalsosjalismeMicrosoft WindowsKleanHavana GingerMediafranchiseSilyGrypskerkLiteratuerSaya SongMuzykSalomonseilannenBart Jan SpruytSkamhierJohnny CashLeppeltsje-leppeltsjeAnale seksHylperskSandy MilzJureka del MarTwadde WrâldkriichSporthalRaffarinadeSeimunds pappegaaidoAldskouBeierske wrotmûsKoördinearre Wrâldtiid69 (sekshâlding)1902🡆 More