Luzon

Luzon is it grutste eilân fan de Filipinen.

It eilân is 104.688 km² grut en beslacht sawat 35 % fan it lânoerflak fan de Filipynske arsjipel. Op it eilân wennet ûngefear de helte fan de hiele befolking op de Filipinen.

Luzon
De lokaasje fan it eilân Luzon yn de Filipinen

Manilla, haadstêd en regearingssit fan de Filipinen, leit sintraal op it eilân yn in tichtbefolke gebiet dat Metro Manilla neamd wurdt. Manilla is tegearre mei Vigan City yn it noarden fan Luzon ien fan de trije stêden dy't de Spanjerts yn de 16e iuw op it eilân stifte hawwe. It histoarysk sintrum fan Vigan is yn 1999 op de Wrâlderfgoedlist kaam.

Geografy

Lânskip

De grutste mar fan de Filipinen, Laguna de Bay en de langste rivier fan it lân, de Cagayan lizze op it eilân Luzon. Ek aktive fulkanen lykas de Pinatubo, Mount Taal en de Mayon komme foar op Luzon. Yn it berchige noarden lizze de wrâldferneamde rysterrassen fan Banaue dy't ek op de wrâlderfgoedlist steane. De heechste berch fan Luzon is Mount Pulag, mei 2922 meter is dy krekt wat leger as de heechste berch fan de Filipinen, Mount Apo. Neist bergen komme op it eilân lykwols ek grutte flakten foar, dêr't in protte lânbouprodukten fan weikomme.

Bestjoerlike yndieling

It eilân is opdield yn 7 regio's en 30 provinsjes:

  • Ilocos Region (Regio I)
    • Ilocos Norte
    • Ilocos Sur
    • La Union
    • Pangasinan





  • Cagayan Valley (regio II)
    • Cagayan
    • Isabela
    • Nueva Vizcaya
    • Quirino
  • Central Luzon (regio III)
    • Aurora
    • Bataan
    • Bulacan
    • Nueva Ecija
    • Pampanga
    • Tarlac
    • Zambales
  • CALABARZON (regio IV-A)
    • Batangas
    • Cavite
    • Laguna
    • Quezon
    • Rizal
  • Bicol Region (regio V)
    • Albay
    • Camarines Norte
    • Camarines Sur
    • Sorsogon
  • Cordillera Adm.Region (CAR)
    • Abra
    • Apayao
    • Benguet
    • Ifugao
    • Kalinga
    • Mountain Province
  • National Capital Region (NCR)

Fan de provinsjes Albay, Batangas, Cagayan, Camarines Norte, Camarines Sur, Cavite, Pangasinan, Quezon en Zambales binne der parten dy't net op it eilân lizze.

Tags:

Filipinen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RivierJan Krol (akteur)Spier1763Hans WiegelOseaanLuna SilverRichard KrajicekLiberalismeGewoan jier fan tongersdei ôfAcademy of Country Music Award30 junyFryske talenRuslânCountrySkiednis fan FryslânTommeGrutte PierMaserati XXXHylperskMegan SalinasJ. MacMasturbaasjeKennis16 aprilEva JinekFryskEchte lemmings23 aprilTanzaniaBrulloftMilenniumSkiednisFeankeninginneLietPeter Johann Nepomuk GeigerPeter PiotRottekop19232006Ahmed AboutalebInga RidereWylde knynTwadde WrâldkriichGebouOlivier van de VoortHaadwurd1977OrgasmeDuët1922MuzykLatynGûatemala2010-er jierrenJapanStomme film21e iuwOerhoerMia LiHybride (biology)Kamala HarrisPhilippe SoineDomtsjerke fan CefalùFerkrêftingMockemastins (Ie)Beauty Dior🡆 More