Leienske Ryn

De Leienske Ryn (Nederlânsk en offisjeel: Leidse Rijn of ferâldere: Leidsche Rijn) is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert mei in lingte fan 13 km.

It kanaal begjint yn de stedsgrêft fan de stêd Utert en is winliken de fuortsetting fan de Kromme Ryn. It rint westlik, krúst it Merwedekanaal en it Amsterdam-Rynkanaal en rint by de plakken De Meern en Harmelen del dêr't it útkomt yn de Alde Ryn, dy't by Katwyk oan See de Noardsee yn streamt.

Leienske Ryn
Lokaasje Leienske Ryn
Leienske Ryn
De Leienske Ryn tusken Harmelen en De Meern

It wetter waard foar in part yn de Lette Midsiuwen en foar in part yn de santjinde iuw groeven om't de rin fan de Alde Ryn hieltyd mear meändere en fersâne.

De Utertske wyk Leidsche Rijn is nei it kanaal neamd.

Skiednis

Sûnt it begjin fan ús jiertelling waard it dreger om de âlde rin fan de Ryn tusken Utert en Harmelen te befarren. It ôfdamjen fan de Kromme Ryn by Wyk by Duerstêd yn 1122 late ta it fersânjen fan de Alde Ryn ûnder Utert, benammen om't it meändert troch it flakke lân.

Al om 700 hinne waard der in kanaal groeven tusken Utert en Vleuten. Doe't it part tusken Vleuten en Harmelen stadichoan te smel waard, waard yn 1381 it Alde Rynkanaal tusken Utert en Harmelen groeven.

Under de útwreidingsplannen fan de Utertske boargemaster Hendrick Moreelse yn 1662-1665 waard der in koarter paad foar in wetterwei groeven, de Leienske Ryn, dy't de ferbining makke dêr't de Alde Rynkanaal in bocht nei it noardeasten makke. Op it plak dêr't it nije kanaal mei de Alde Ryn ferbûn, boude ealman Everard Meyster it lângoed Oog in Al.

Letter waard de namme Leidsche Rijn brûkt foar de gânse rin tusken Utert en Harmelen.

Tags:

Alde RynAmsterdam-RynkanaalDe MeernGrêftKanaal (wetterwei)Kromme RynMerwedekanaalNederlânNederlânskNoardseeProvinsjeUtert (provinsje)Utert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Iran23 aprilAfrikaanske pappegaaidoWesterkertier (gemeente)Delotta BrownNew York Stock ExchangeTyneBlau1990Marijn KuipersNaughty AmericaInterstellar (film)WoansdeiGrut-BrittanjeVienna BlackTroudGrammy AwardRealitypornografyEastlike fjildmûsMegan Vaughn1557BaskyskJohnny Cash873 f.Kr.Rae Lil Black12 oktoberHarmony WonderCountryWeblochEmiel StoffersSalomonseilannenFrysk Ynternasjonaal KontaktSlavyske talenLiteratuerAVN AwardZaya CassidyKristoffel KolumbusAubrey KateSaya SongAcademy of Country Music AwardTsjaadLân1766Gonny GaakeerJeropaDomtsjerke fan ParmaHongarije1790192822 febrewarisHantsjemierSeksuele yntimidaasjeBaronISBNShae SummersAlkoholismeLimoerhalskanker2008BlessuereAldfryskBetlehimSilyRock 'n rollKoördinearre WrâldtiidVictoria GivensMarcel HirscherSensual JaneSpanjeMarilyn Crystal🡆 More