Gemeente Bunnik: Nederlânske gemeente

Bunnik is in gemeente yn de provinsje Utert.

De gemeente telt 15.649 ynwenners (2022) en hat in oerflak fan 37,62 km² (wêrfan 0,52 km² wetter). Haadplak is it plak Bunnik. Oare plakken binne Odijk en Werkhoven.

Bunnik
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen Eartiidsk riedhûs oan it begjin fan de Boargemaster v.d. Weyerstrjitte
flagge wapen
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
lokaasje
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen Utert
boargemaster Ruud van Bennekom (PvdA)
sifers en geografy
haadplak Bunnik
grutste plak Bunnik
ynwennertal 15.649 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 423 / km²
oerflak 37,57 km²
● wêrfan lân 36,97 km²
● wêrfan wetter 0,6 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen, Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
Rhynspoarline
skiednis
oprjochte 1964
oar
netnûmer 030, 0343
postkoade 3980–3981, 3984–3985
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.bunnik.nl
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
Topografyske gemeentekaart fan Bunnik
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
Kaart gemeente Bunnik yn 1867.(Gemeente-atlas fan Nederlân)
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen
Utsjoch fan Rhijnauwen ôf

Skiednis

De skiednis fan de gemeente giet sa'n 2000 jier werom. De Romeinen bouden koart nei it begjin fan ús jiertelling by Fectio (Vechten) in wichtich castellum mei in haven oan de doetiidske rin fan de Ryn, harren grinsrivier. Doetiids wie de Lek minder wichtich. It measte wetter rûn fan Wyk by Duerstede ôf nei it noarden, troch Bunnik fia Utert nei Katwijk oan de Ryn (sjoch Kromme Ryn, Leienske Ryn, Alde Ryn).

By it castellum ûntwikkele him in hannelsplak. Dizze bleau bestean, ek doe't it castellum yn de fjirde iuw definityf troch de Romeinen ferlitten waard. It gebiet ward dêrnei earst beset troch de Friezen en de Franken. Yn 723 skonk de Frankyske hofmeier Karel Martel ûnder oare de oerbliuwsels fan Fectio oan de Utertske tsjerke. Under tsjerklike lieding waard it gebiet tusken de 8e - en de 14e iuw hielendal ûntgûn. Wichtich foar de ûntginnings wie de daam dy't yn of koart nei 1122 yn Wyk by Duerstede yn de Ryn lein waard, sadat de Lek de trochgeande rûte waard. Sûnttiids is de wetterstân yn de Kromme Ryn te regeljen, mar is der hast gjin skipfeart mear. Yn de 8e en 9e iuw ûntwikkelen har de trije tsjerkedoarpen Bunninchem (Bunnik), Iodichem (Odijk) en Wercundia (Werkhoven). Yn de 12e - en 13e iuw waarden der lytse doarpstsjerkjes boud.

Ut de tsjerklike yndieling ûntwikkele him oan de ein fan de Midsiuwen in oantal gerjochten (bestjoerlike organisaasjes), dy't yn de Frânske tiid] ferfongen waarden troch gemeenten. Fan 1817 - 1856 leinen der fjouwer gemeenten op it grûngebiet fan de hjoeddeiske gemeente Bunnik, dy't elk in kertier leveren fan it gemeentewapen: de reade hoanne fan Bunnik; St. Nikolaas út Odijk; it Wite Hynder fan Werkhoven; en de Frânske leelje (út it Van Renesse-wapen) fan Rhijnauwen. De hjoeddeiske gemeente Bunnik bestiet sûnt 1964.

Yn augustus 1974 besleat de gemeenteried ta it fêststellen fan in gemeenteflagge. Trije weagjende banen fan grien, wyt en grien stelle de Kromme Ryn foar, streamend troch de griene fjilden.

Beskriuwing fan it gemeentelogo en de flagge

It gemeentelogo dat sûnt de iepening fan it nije gemeentehûs yn 1996 brûkt wurdt, toant in symboalyske werjefte fan de gemeente Bunnik. De trije griene ringen ferwize nei de trije doarpen Bunnik, Odijk en Werkhoven, wêrút de gemeente bestiet. De twa blauwe, weagjende linen ferwize nei de Kromme Ryn as ferbinend elemint tusken dizze drie dorpen. Ek it tradisjonele wapen fan Bunnik is, yn stilearre foarm, ferwurke yn de hûsstyl fan de gemeente. De flagge bestiet út trije weagjende banen: grien, wyt, grien. Dizze banen steane symboal foar de Kromme Ryn dy't troch de griene ikkers fan gemeente Bunnik streamt.

Omkriten

De gemeente Bunnik leit tichteby in knooppunt fan spoarwegen en flugge ferbinings mei de histoaryske stêd Utert. De Kromme Ryn rint troch de trije kearnen fan de gemeente. It doarp Bunnik leit oan de N229, hat in ôfslach oan de A12 en in NS-stasjon, Stasjon Bunnik. Yn it westen fan de gemeente lizze lângoed Amelisweerd en de forten Rijnauwen en Vechten, beide oait ûnderdiel fan de Nije Hollânske Wetterliny.

Yn Rhijnauwen stiet ek de âldste jeugdherberch fan Nederlân.

Omlizzende gemeenten

De gemeente Bunnik wurdt yn it noarden begrinzge troch Seist, yn it easten troch de gemeente Utertske Heuvelrêch, yn it súdeasten oan Wyk by Duerstêd, yn it súdwesten oan Houten en yn it noardwesten oan Utert.

Bedriuwslibben en organisaasjes

Yn Bunnik binne ûnder oare de Koninklijke BAM Groep, de BOVAG, frisdrankfabrikant Vrumona en de stifting Alzheimer Nederland fêstige. Yn Odijk hâldt de CNV Hout en Bouw kantoar.

Kearnen

Bunnik, Odijk en Werkhoven.

Kearn Ynwenners (2021)
Bunnik 7.060
Odijk 5.720
Werkhoven 2.550

Trivia

Apple Inc. hat in skoftlang it haadkantoar foar de Benelúks yn Bunnik hân.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen 
Bunnik
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen 
Doarpen:
BunnikOdijkWerkhoven
wizigje
Utert
Gemeente Bunnik: Skiednis, Bedriuwslibben en organisaasjes, Kearnen 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
wizigje

Tags:

Gemeente Bunnik SkiednisGemeente Bunnik Bedriuwslibben en organisaasjesGemeente Bunnik KearnenGemeente Bunnik TriviaGemeente Bunnik OfbyldenGemeente BunnikBunnik (plak)Gemeente (bestjoer)Kante kilometerOdijkUtert (provinsje)Werkhoven

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KunnilingusFeneesje (stêd)Jacht (aktiviteit)MisjonarishâldingMya Nichole2012Georges SimenonPornoakteurFriesFrysk hynderSeksuele penetraasjeVanessa SkyLexi DiamondHarmony WonderYslânPortegalFerspriedingsgebietCarles PuigdemontPsychology4 novimberPablo PicassoKoreaanskBoarstfergruttingBudgetMuskusrôtAubrey KateFaginaWielenpôleMia LiErotyk1 febrewarisHynstekrêftYvette BovaOentsjerkEreksjeIt Dronkene SkipNel BenschopKommunikaasjeNoarwegenAmstel (rivier)Anne Tjerk PopkemaHidde BoersmaSieds Johannes RienksBesibskipGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 20081927Jade KushGrutte Heitelânske KriichGrutte OseaanJulianna VegaPhilippus H. BreukerYves BaillatMasturbaasjeMidden-AmearikaRegisseurPlestikSlowakijeLiifmoerSavannah GoldMiljuschka WitzenhausenSkaai (taksonomy)SitaatpuzelLikedielersBrazzersKya TropicTwadde WrâldkriichAlbertina SoepboerRunenWrâldkampioenskip fuotbal2001🡆 More