Learn To Fly

Learn to Fly is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 1999 en útbrocht op it tredde album fan Foo FightersThere Is Nothing Left to Lose út itselde jier.

Learn to Fly is it tredde nûmer op it album en waard op 18 oktober 1999 útbrocht as earste single fan it tredde album.

Learn to Fly
algemiene ynformaasje
B-kant Iron and Stone,
Make a Be,
Have a Cigar
artyst Foo Fighters
album There Is Nothing Left to Lose
taal Ingelsk
sjenre Rockmuzyk,
Grunge
útbrocht 18 oktober 1999
opnommen Studio 606, Alexandria
Conway, Los Angeles
maaitiid 1999
doer 3:58
label RCA
skriuwer Foo Fighters
produsint Adam Kasper
Foo Fighters
fideoclip
Foo Fighters - Learn To Fly (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 32,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 72
prizen 2001 - Grammy
sertifisearre Learn To Fly Austraalje 3x platina
Learn To Fly Kanada goud,
Learn To Fly  Denemark goud,
Learn To Fly Itaalje goud,
Learn To Fly Meksiko platina,
Learn To Fly Grut-Brittanje platina,
Learn To Fly Feriene Steaten platina

Oer it nûmer

Learn to Fly wurdt taskreaun oan alle bandleden fan de Foo Fighters al is it Dave Grohl dy't it nûmer skreaun hat. It nûmer giet oer de perioade dat Grohl piloat wurde woe en dat er der efter kaam dat er om syn fleanbrevet te heljen ek wiskunde nedich hie en syn dream om fleanen te learen farre liet.

Oer de fideoklip

De fideoklip waard regissearre troch Jesse Peretz; it is in parody op de films Airplane!, Airport 1975 en Airport '77. De fideoklip fan it nûmer spilet him ôf yn in kommersjeel fleantúch. Twa meganisiens, spile troch Jack Black en Kyle Gass fan Tenacious D, smokkelje in ferdôvjend middel mei de namme "World Domination brand 'Erotic' Sleeping Powder" it fleantúch yn en ferstopje dy yn it kofjesetapparaat. Sadwaande wurdt elkenien dy't de kofje drinkt tydlik útskeakele. De Foo Fighters, dy't ek yn it fleantúch sitte, dronken sterke drank yn stee fan kofje en sjogge om har hinne nuvere dingen barren en binne dêrtroch twongen om sels it fleantúch te lânjen. Op de meganisiens nei wurde alle rollen yn de klip spile troch de bandleden sels (Dave Grohl, Nate Mendel en Taylor Hawkins), fan de piloaten, it personiel, in groulivich stel, oant in famke dat Grohl om in hantekening freget, ta.

Yn 2001 wûn de band in Grammy yn de kategory Best Short Form Music Video foar de fideoklip.

Muzikanten

  • Dave Grohl – Sang, gitaar & drums
  • Nate Mendel – Bas
  • Taylor Hawkins – Drums

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN

Tags:

Learn To Fly Oer it nûmerLearn To Fly Oer de fideoklipLearn To Fly MuzikantenLearn To Fly18 oktober1999Foo FightersThere Is Nothing Left to Lose

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RegearHûntsjeshâldingTyne1859Olst-WijheJohnny SinsOrale seksSêfte pornografySeksboartersguodBethany BenzDanyel CheeksPavel DoerovBaronLetlânEarmoedeBasketbalKânselierSaotomeeske pappegaaido1980Havana GingerAmerican Music Award1949Sophie HilbrandSarah YoungPhoenix (Arizona)PakistanNational Basketball AssociationDútskVoodoo (pornografysk akteur)Joyce OliveiraJade MarcelaAcademy of Country Music AwardAnno GalamaÇatalhöyükGrover ClevelandAnton DalhuysenCJ MilesGemeenten fan Nederlân1557Sean Lawless12 oktoberHeather LeeLuna SilverKylee StruttMarijn KuipersIranLimoerhalskankerSint-Frederikustsjerke (Steggerda)HongarijeYnternet4 maartToplessDomtsjerke fan ParmaLewis Carroll20041896PausAlexa FlexySkiednis fan FryslânSporthalSkotlânBoylFrouMarika FruscioJean-Yves LecastelMoslimRonald ReaganMisjonarishâldingMolekulêre biologyList fan Nederlânske gemeentenLiteratuerAugust TaylorDomtsjerke fan Massa Marittima🡆 More