Kust

De kust of in kustline is in gebiet dêr't it lân begrinzge wurdt troch de see of de oseaan, en dêr't mei êb en floed ynteraksje tusken lân en wetter bestiet.

Soms wurdt ek by gruttere marren wol sprutsen fan in kust, mar by lytsere marren en oare binnenwetters (lykas rivieren, beken, sleatten, fearten en kanalen) brûkt men ynstee de oantsjutting igge of wâl. Oan 'e kust sjocht men gauris dunen, strannen, rotsen en/of kliffen. Yn leechlizzende gebieten wurdt de kust faak beskerme troch in seedyk of oare wetterkearing dy't troch minskehannen oanlein is. Kusten wurde ek foar oare doelen in protte brûkt troch de minske, lykas skipfeart, wettersport, de oanlis fan havens en havenstêden, en sinnebaaien op sânstrannen.

Kust
De kust fan Nij-Seelân.

Der binne ferskate soarten kusten. In pelagyske kust is in kust dy't oan 'e iepen see leit, yn tsjinstelling ta de kust fan in baai, ynham of see-earm, dy't mear beskut is. In waadkust is in kust dy't beskerme wurdt troch in rige dunige barriêre-eilannen mei in smelle stripe see tusken de eilannen en it fêstelân yn. In skearekust is in kust dêr't in grut tal lytse, faak rotsige eilantsjes foar lizze. In fjordekust is in kust dy't op in grut tal plakken djip ynsnien is troch djippe smelle see-earmen dy't fjorden neamd wurde. In mangrovekust is in kust mei in moerassich mangrovewâld dat oant djip yn 'e tijsône groeit, sadat it der by floed fierhinne ûnder strûpt, mar by êb oan 'e woartels ta drûchfalt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


Tags:

BeekDúnGrûnHavenIggeKanaal (wetterwei)KlifMarMinskeOerflaktewetterOpfeartOseaanRivierRotsSeeSeedykSkipfeartSleat (wetter)StrânSân (grûnsoarte)WetterWettersportWâl

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1790New York Stock ExchangeBeierske wrotmûsCountry Music Association AwardLeppeltsje-leppeltsjeBaronJ.R. CarringtonDomtsjerke fan GrossetoGrou (plak)HylperskEmiel StoffersWelsum (Olst-Wijhe)1925Anita GyöngyISO 3166Luma CariocaCharles III fan it Feriene Keninkryk199219e iuwAlkoholismePresidint fan de Feriene SteatenDe BoarnMay ThaiBo SinnTeksasKânselierGrut-BrittanjeAfganistanJada StevensLetlânAfrikaanske pappegaaido1950-er jierrenDemokrasyMilitêrJade JantzenFryske gemeentenRoplettersWesterkertier (gemeente)Feriene KeninkrykLuna SilverSporthalCJ MilesMediafranchiseShrima MalatiRosa CaraccioloGemeenten fan NederlânAdolf HitlerBlues1990-er jierren20 aprilSûkerbôleJasmine BlackKya TropicSlûsMoriah MillsDomtsjerke fan MessinaSasha BeartUnbemanne fleanmasineNeakenensHaadsideNeakenfotografyTroudList fan Nederlânske gemeentenFeankeninginneIngelsk🡆 More