Kolonel

In kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen.

Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kolonel is "kolonel". De boppelizzende rang is brigadegeneraal of, yn legers dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne (sa't yn in grut diel fan East-Jeropa it gefal is), generaal-majoar. Dêrmei is kolonel de heechste haadofsiersrang. Direkt ûnder de kolonel stiet de luitenant-kolonel, dat in soarte fan legere gradaasje fan kolonel is.

Etymology

It wurd 'kolonel' stammet út it Latyn, fan columnella, dat "pylderke" of "lytse kolonne" betsjut. As rang ûntstie it yn it tiidrek fan 'e Renêssânse yn Itaalje, mei as oarspronklike betsjutting "ofsier dy't in kolonne oanfiert". Dêrby wiene der earst twa foarmen fan it wurd yn omrin, 'kolonel' en 'koronel', dy't trochinoar brûkt waarden. Uteinlik wûn de foarm 'kolonel' it yn 'e measte talen, mar 'koronel' libbet noch fuort yn it Ingelske colonel, dat nettsjinsteande de stavering mei in l, útsprutsen wurdt mei in r: ['kʌɹnəl], likernôch: "kurn'l".

Skematysk oersjoch

Oersjoch fan 'e kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
kolonel kaptein-op-see kolonel
of groepskaptein
luitenant-kolonel kaptein-luitenant-op-see luitenant-kolonel
of wing commander

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-5
Kolonel  kolonel
kolonel
Kolonel  kaptein-op-see
kolonel
(by it Korps Mariniers: kolonel)
Kolonel  kolonel
kolonel
Kolonel  kolonel
kolonel
NATO rang OF-4
Kolonel  luitenant-kolonel
oerste
Kolonel  kaptein-luitenant-op-see
oerste
(by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel)
Kolonel  luitenant-kolonel
oerste
Kolonel  luitenant-kolonel
oerste

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Kolonel EtymologyKolonel Skematysk oersjochKolonel Yn e Nederlânske kriichsmachtKolonel Sjoch ekKolonelBrigadegeneraalEast-JeropaGeneraal-majoarHaadofsierKaptein-op-seeKriichsmachtLoftmachtLuitenant-kolonelLânLânmachtMaresjeseeMarineMariniersMilitêre rang

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SporthalMahabharataHeather LeeAustraalje (lân)Koördinearre WrâldtiidGokkenAnton DalhuysenDreves UitterdijkSeksboartersguodDanyel Cheeks26 febrewarisSlavyske talenLeppeltsje-leppeltsjePierre WoodmanAugust TaylorEastenryk1992DútslânNASASûkerbôleKeallepoatOflûken (seksualiteit)Vina SkyJasmine AlohaNasalearringFryske FrijheidVoodoo (pornografysk akteur)YnternetAcademy of Country Music AwardPornografyGeologyOezbekistanWetAdolf HitlerEuroTripClara TrinityKleurMahina ZaltanaBlessuereEastlike greidwrotmûsCarmen HayesVanessa SkySandy MilzFilipinenMarcel HirscherDe BoarnWilliam ShakespeareRottekopAlgerijeList fan Frysktalige tydskriften2011Bo Sinn1863ErflikheidslearOseanografyNaughty AmericaBetlehimMickey MouseRae Lil BlackKultuer1932Lexi DiamondPornofilmAnita GyöngyPornoakteurTechnologyDavid GilmourPavel DoerovRosa Caracciolo🡆 More