1873 Yellowstone-Ekspedysje

De Yellowstone-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger yn 1873 yn 'e Dakota's en Montana, mei as doel om in gaadlike rûte te sykjen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad by de rivier de Yellowstone lâns.

Yellowstone-ekspedysje
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)
datum: junyseptimber 1873
plak: de Dakota's en Montana
útkomst: in Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
1873 Yellowstone-Ekspedysje Lakota
1873 Yellowstone-Ekspedysje Noardlike Sjajinnen
1873 Yellowstone-Ekspedysje Feriene Steaten

befelhawwers
Sittende Bolle
Gal
Rein-yn-'t-Gesicht
Mâl Hynder
David S. Stanley
George A. Custer


sterkte
±1.000 krigers 1.530 militêren
   353 boargers
ferliezen
  4 deaden
12 ferwûnen
11 deaden
  4 ferwûnen

De ekspedysje, dy't yn it bredere ramt fan 'e Sû-Oarloggen pleatst wurde kin, stie ûnder befel fan kolonel David S. Stanley, dy't luitenant-kolonel George Armstrong Custer as ûnderbefelhawwer hie. Yn it begjin waard de ekspedysje teheistere troch min waar, mar ienris oankommen by de Yellowstone foarmen de Yndianen in grutter probleem. Der fûnen twa wapene konfrontaasjes plak, wêrby't de Amerikanen beide kearen de oerwinning behellen.

Gearstalling fan 'e ekspedysje

De Yellowstone-ekspedysje hie ta doel om yn Montana in rûte by de rivier de Yellowstone lâns te finen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad. Mei't men wjerstân fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan dy krite ferwachte, waard de organisaasje fan 'e ekspedysje taparte oan it Amerikaanske Leger. It befel krige kolonel David S. Stanley, in dekorearre feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch.

It militêre diel fan 'e ekspedysje bestie út 25 kompanjyen ynfantery (10 fan it 22e; 6 fan it 9e; 4 fan it 8e; 3 fan it 17e; 1 fan it 6e; en 1 fan it 20e Ynfanteryrezjimint), 10 kompanjyen kavalery fan it 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer, en in artilleryseksje fan twa kanonnen. Teffens wiene der 27 Yndiaanske ferkenners en 3 blanke gidsen, wêrûnder Charley Reynolds. Yn totaal bestie it militêre diel fan 'e ekspedysje út 1.530 man. Dêrnjonken giene der 353 boargers fan 'e Northern Pacific Railroad mei, benammen besteande út lânmjitters en oanbesibbe saakkundigen. De ekspedysje beskikte oer 275 troch mûldieren lutsen weinen en 2.321 hynders.

1873 Yellowstone-Ekspedysje 
Kolonel David S. Stanley.

Begjin fan 'e ekspedysje

De Yellowstone-ekspedysje sette op 20 juny 1873 útein, doe't de lânmjitters en de seis kompanjyen fan it 9e Ynfanteryrezjimint ôfsetten út Fort Abraham Lincoln, oan 'e igge fan 'e rivier de Missoury, yn wat letter de steat Noard-Dakota wurde soe. Hja krigen ynstruksjes mei om westoan te hâlden oant de rest fan 'e ekspedysje harren ynhelje soe. Fan 'e santjin dagen dy't op 20 juny folgen, reinde it fjirtjin dagen, wêrby't it soms trije oant fjouwer kear deis by bakken tagelyk omleech kaam. Op 24 juny kaam de lânmjitters en begeliedende ynfantery sa'n fûleindige hagelbui oer 't mad, dat de mannen it libben der mar kwealk ôf rêden, wylst de mûldieren op 'e rin sloegen, mei as gefolch dat de measte weinen alhiel ferrinnewearre rekken. Doe't kolonel Stanley, dy't doe ûnderwilens ek ûnderweis wie mei de rest fan 'e ekspedysje, dat berjocht krige, stjoerde er de 7e Kavalery foarút om te helpen by de reparaasjes.

Opholden troch it drege oerstekken fan kolkjende rivieren hellen Stanley-en-dy de lânmjitters pas op 5 july yn, wêrnei't de Missoury, dy't ek bûten syn oeren trêde wie, oerstutsen waard oer in pontonbrêge. Uteinlik berikte de ekspedysje op 13 july de rivier de Yellowstone yn it Montana-territoarium. Dêr mette men de steamboat de Key West, dy't by de mûning fan 'e Glendive Creek yn 'e Yellowstone in foarriedepot opset hie. Stanley liet op dat plak twa kompanjyen kavalery en ien kompanjy ynfantery efter as garnizoen, wêrnei't er de rest fan 'e ekspedysje op 26 july troch de Key West oersette liet nei de noardigge.

1873 Yellowstone-Ekspedysje 
Sittende Bolle.

Nei't se noch in ein yn westlike rjochting trochreizge wiene, mette de ekspedysje op 1 augustus 13 km benoarden de mûning fan 'e Powderrivier it steamskip de Josephine fan kaptein Grant Marsh, mei mear foarrieden. Dy nachts murk men foar it earst wat fan 'e oanwêzigens fan Yndianen, mei't der yn it tsjuster ferskate kearen op 'e skyldwachten sketten waard. De oare deis waarden de spoaren fan tsien manlju fûn, dy't har streamop troch de delling ôfjûn hiene. Neitiid folgen de lânmjitters mei as eskorte ien kompanjy ynfantery en ien kompanjy kavalery de rivier troch de delling nei it noarden ta, wylst de bagaazjetrein fanwegen de gesteldheid fan it terrein allegeduerigen omwegen meitsje moast.

De Slach by Honsinger Bluff

De Yndianen yn 'e krite fan 'e Yellowstone kamen út it doarp fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle, dat 400 oant 500 tipys telde mei mooglik wol 1.000 krigers. Dêrûnder wiene Hûnkpapa-Lakota, ûnder Gal en Rein-yn-'t-Gesicht, Oglala-Lakota, ûnder Mâl Hynder, en ek guon Minnikonzjû-Lakota en Noardlike Sjajinnen. Op snein 4 augustus kampearre Stanley mei syn kolonne by de mûning fan it beekje de Sunday Creek yn 'e Yellowstone, doe't Rein-yn-'t-Gesicht mei noch in pear krigers op in ferkenningsmissy de legerbistedokter John Honsinger, in hynstefersoarger en twa soldaten oerfoel, dy't har fjouweresom te fier fan 'e rest fan 'e ekspedysje ôf bejûn hiene. Trije fan 'e mannen waarden deade, mar ien soldaat koe ûntkomme.

1873 Yellowstone-Ekspedysje 
Luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Letter dyseldichste deis setten de lânmjitters wer ôf ûnder beskerming fan in kompanjy kavalery ûnder lieding fan kaptein George Yates. Luitenant-kolonel Custer ried mei twa oare kavalerykompanjyen ûnder it befel fan kaptein Myles Moylan foarút, om te sjen hoe't it lân der dêr hinne lei. Custer syn detasjemint bestie út 86 soldaten, ferskate Yndiaanske ferkenners en fjouwer ofsieren, wêrûnder hysels, Moylan, syn jongere broer, luitenant Tom Custer, en syn sweager, luitenant James Calhoun. In ein streamop rekken hja yn in fjoergefjocht ferwikkele mei Lakota- en Sjajinske krigers ûnder lieding fan Gal, Rein-yn-'t-Gesicht en Mâl Hynder.

By dat treffen, dat neitiid bekend kaam te stean as de Slach by Honsinger Bluff, liet Custer syn mannen ôfstiigje om in skermutselingsliny te foarmjen, in standertformaasje fan 'e Amerikaanske kavalery, wêrby't eltse fjirde soldaat de hynders fan syn maten by de leien hold. In salvo fan 'e op dy wize opstelde kavaleristen dreau de Yndianen werom. Custer loek dêrnei syn detasjemint werom nei in beboske stik fan 'e rivierigge, dêr't er harren opstelde yn in heale sirkel by in drûchfallen slinke lâns dy't earder ûnderdiel fan it rivierbêd fan 'e Yellowstone útmakke hie. De wâl fan 'e slinke foarme dêrby in natuerlike boarstwarring, mar fanwegen de lingte fan 'e slinke en it lytse oantal fan syn mannen liet er dêr eltse achtste soldaat de leien fan 'e hynders beethâlde.

Custer en syn mannen waarden op dat plak trije oeren lang troch de Yndianen belegere by in temperatuer, dy't neffens Custer syn lettere rapport oprûn oant 43 °C. Op 't lêst aventoere er in útfal mei al syn mannen yn 'e rjochting fan 'e Yndianen, dy't har dêrop fersille weromlutsen nei it noarden ta. Hoewol't de kavaleristen harren sa'n 6½ km lang efterfolgen, slagge it harren nea om 'e lichter útriste en dêrom mobilere krigers, dy't boppedat bekend wiene mei it terrein, ta in konfrontaasje te twingen. By de Slach by Honsinger Bluff foelen oan beide kanten trije deaden.

1873 Yellowstone-Ekspedysje 
Rein-yn-'t-Gesicht.

De Slach by Pease Bottom

Nei de Slach by Honsinger Bluff ferfolge de ekspedysje syn paad by de Yellowstone lâns, no yn westlike rjochting. Op 11 augustus fûn der in twadde konfrontaasje plak mei de krigers fan Sittende Bolle by de mûning fan 'e rivier de Bighorn. Dat treffen waard letter de Slach by Pease Bottom neamd. Custer ferlear dêrby ien soldaat, in John H. Tuttle, wylst in ofsier, luitenant Charles Braden, sa swier ferwûne rekke trochdat in kûgel syn bilbonke tebrizele, dat er foargoed ynfalide rekke.

Ein fan 'e ekspedysje

Nei't de ekspedysje noch in ein fierder by de Yellowstone lâns tein wie, en it terrein by de rivier de Musselshell lâns ferkend hie, kearde men werom nei it Dakota-territoarium. Op 23 septimber waard Fort Abraham Lincoln wer berikt, dêr't men in fearnsjier earder wei ôfset wie. Dêrmei kaam de Yellowstone-ekspedysje oan syn ein.

De balâns

Yn totaal hie de ekspedysje 11 deaden en 4 ferwûnen te betreurjen. Men rûsde dat der oan Yndiaanske kant 4 deaden en 12 ferwûnen fallen wiene. Nettsjinsteande it hegere deadetal oan Amerikaanske kant en oansjenlike ferliezen oangeande hynders en mûldieren wurdt de Yellowstone-ekspedysje dochs as in oerwinning foar de Amerikanen beskôge, om't de Yndianen net tsjinkeare kinnen hiene dat de lânmjitters it oerdrachtlike paad effenen foar de oanlis fan it spoar troch Yndiaansk gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Tags:

1873 Yellowstone-Ekspedysje Gearstalling fan e ekspedysje1873 Yellowstone-Ekspedysje Begjin fan e ekspedysje1873 Yellowstone-Ekspedysje De Slach by Honsinger Bluff1873 Yellowstone-Ekspedysje De Slach by Pease Bottom1873 Yellowstone-Ekspedysje Ein fan e ekspedysje1873 Yellowstone-Ekspedysje De balâns1873 Yellowstone-Ekspedysje1873Amerikaanske LegerDakota'sDavid S. StanleyGeorge Armstrong CusterKolonelLuitenant-kolonelMilitêrMontanaNorthern Pacific RailroadRivierSpoarwegenSû-OarloggenWaarYellowstone (rivier)Yndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sybren JansmaUniversiteit fan OklahomaDaisy SummersIerdgasTreron aromaticusDe OesdripGeslachtsmienskip1839HelpBrent EverettAnneke DoumaOrale seksArwen GoldVeronica RodriguezPrins EdwardeilannenSlowakijeJerine FleurkeGloria SwansonSean LawlessSjongerJ. MacPaulina SeikolaSpûkferhaalShalina DevineHein OtterspeerBoerûndyHôf fan TwintePenric's FoxKilesturtpappegaaidoEnerzjyKeatsenGeert van TuinenIUCNPorsha CarreraGenemuidenMasahiro FukudaSineeske baltsjesAsia (pornografysk aktrise)September ReignSeksualiteitGraldaJohann Jacob EngelAlblasserdamJapanHenk AlkemaBiologyOlympyske Winterspullen 2018Polo op de Olympyske Simmerspullen 1900Tiidsônes yn de Feriene SteatenJoos de MomperList fan Frysktalige tydskriftenPake- en beppesizzerAnnebuorren (It Hearrenfean)NoarwegenMaksintiusList fan planetoïden 24901-250001883J.A. Bruins jr.Doctor Zhivago (film)Heather LeeGroepseksRosamund PikeKampen🡆 More